Fryske talinten op Eurosonic: ek online fan grutte wearde foar start karriêre

Foar it twadde jier op rige kinne artysten dy't oan de wei timmerje har allinnich online profilearje op it grutste showcasefestival fan Europa: Eurosonic/Noorderslag yn Grins. Faske út Sint-Jabik en Blondeau út Ljouwert binne al lang bliid dat se spylje kinne.
Faske © ESNS
It festival, dat noch oant en mei sneon duorret, is dit jier op 'e nij sûnder publyk. Omdat de artysten net allegear tagelyk yn de Oosterpoort wêze mochten, binne de optredens yn it foar opnaam.

Optrede sûnder publyk

Singer-songwriter Faske (Fasil Kuipers) stiet mar leafst twa kear op it programma fan ESNS (Eurosonic/Noorderslag) yn Grins. En de optredens giene goed. "Ik sien tefreden werom. Ok al waar d'r gyn peblyk bij, 't optreden foelde wel goed. Op 'n stoit leek 't krekt al ston d'r peblyk in de saal, met de band gongen wij heerlik in de mezyk op."
Nei syn optreden foar Eurosonic, as ûnderdiel fan it talintûntwikkelingstrajekt Hit the North, koe er ek noch op Noorderslag spylje. "Ik meende altiten dat je der as band foor froegen worden, maar 't blykt datstou dy gewoan oanmelde kinst. Om't wij dat niet wisten, waren wij te laat. Later froegen se ôns dochs en dan saitst fansels gyn ni."
"Underweis nei dy" fan Faske:
Blondeau hat mei syn band ek al spile. "Het ging supergoed", fertelt er. "Ik ben heel erg blij met hoe het eruit ziet. De fashion werkte ook erg goed. Het was leuk om weer te kunnen spelen."
De Ljouwerter hat yn novimber 2020, midden yn coronatiid, syn earste EP útbrocht. Ferline jier hat er wol wat optredens hân, mar folle minder as wat er fan doel wie. "We zijn veel bezig met video's, die we dan maar uploaden. We doen veel meer digitaal dan live nu. Daar moeten we onze weg in vinden. We zullen eraan moeten wennen, want dat is ook de toekomst."
Optrede foor 'n kamera blyft ongemaklik. Krijst gyn feedback fan peblyk út de saal.
Faske
De optredens binne mei tal fan kamera's registrearre. Faske: "Dat hewwe wij wel faker metmaakt, maar optrede foor 'n kamera blyft ongemaklik. Krijst gyn feedback fan peblyk út de saal. Met al die mînsen die't dij ankike, is dat al wat surrealistys, maar ik kin wel in de mezyk opgaan."

Oerdondere troch oandacht

Yn dizze coronatiid falt it foar artysten net ta om troch te brekken, mar mei Faske giet it goed. "Ik bin soms al wat overdonderd deur de andacht. An de ândere kant: wij werke d'r alle dagen hard foor en hope fansels op súkses. At dat slaagt is 't ok wel weer núvver en bizar."
Foar de kommende dagen hat er ferskillende optredens stean, ûnder oare by it telefyzjeprogramma M, it radioprogramma Spijkers met koppen en by 3FM. En as alles goed giet, sil er yn maart op toernee. "Dan staan wij in 't foorprogramma fan 'n artyst, der't ik de naam nou nag niet fan sêge kin, om't 't nag niet definityf is."

Wenne oan online

Blondeau hopet ek dat er yn de takomst wer faker foar publyk spylje kin. "Ik heb er al aan mogen proeven. Die sfeer is magisch, heel anders dan voor camera's. Je verbindt dan echt met publiek, dat mis ik online heel erg. Maar ik denk ook: we moeten maar roeien met de riemen die we hebben."
Blondeau © Jessie Kamp
Sawat alles om Eurosonic en Noorderslag hinne is ek online. Net allinnich de optredens dus, mar ek de konferinsjes en presintaasjes. Dochs fernimt Blondeau wol dat it wat opsmyt. "Ik was genomineerd als beste talent. Niet gewonnen, maar dat maakt niet uit. Mensen zien je wel, je leert ook weer andere mensen kennen."
En it festival is foar de Ljouwerter dus net allinnich in moaie mooglikheid om foar in grut publyk te spyljen, hy leart der ek fan alles. "Hoe zet je jezelf op de markt, hoe ga je van Nederland naar het buitenland? Je begint ook iets beter te begrijpen over de vorm van de muziekindustrie achter de schermen."
"Attract Me Now" fan Blondeau:
Faske hellet syn ynspiraasje út it paradoksale bestean fan in tweintiger. Hy skriuwt oer feestjes, stúdzjeskuld en hertsear. Syn muzyk is in miks fan tradisjonele ynstruminten, oargels en synths oant moderne én jierren 80-popsongs. By de Friese Popprijs krige er de award foar grutste talint.

Tekoart oan finyl troch wenningbou

Koartlyn hat er in EP opnaam, dy is te hearren op Spotify en soe ek op finyl útkomme. "Dat kin nag wel even dure, want wereldwiid is d'r 'n tekort an finyl. D'r worre 'n prot weunings boud en der wille mînsen massaal floeren fan finyl yn. Dus der is 'n wachtlist en dernaast lope de prizen ok nag 's flink op. De konteners út Sina worre hyltyd duurder."
It soe dus wêze kinne dat syn twadde plaat earder op finyl ferskynt as de earste. De single fan dy twadde plaat wol er dit jier útbringe.

Foarprogramma Meindert Talma

Blondeau wurket oan syn twadde EP, dy komt ynkoarten út. Dêrby komme ek nije fideo's. In namme foar de EP kin er noch net priisjaan, mar wol dat de earste single 'Fool for Love' wurdt. "En in mei staan we in het voorprogramma van Meindert Talma in Vera, in Groningen."
De optredens fan Faske en Blondeau op Eurosonic binne freed te sjen (20.00-20.40 oere). Dat fan Faske op Noorderslag is sneon te sjen (21.10-21.25 oere).