Plysje siket man mei wyt masker nei oerfal op in snackbar yn Ljouwert

In snackbar oan de Wilgenstraat yn Ljouwert is tongersdeitejûn oerfallen. It personiel is mei in wapen bedrige. Neffens de plysje rekke net ien ferwûne. De fertochte naaide op in fyts út yn 'e rjochting fan de Beukenlaan.
© Kappers Media
De plysje is oanwêzich op it plak dêr't de oerfal west hat en docht ûndersyk. De plysje freget minsken fia Burgernet om út te sjen nei in man op in fyts mei in swart trainingspak oan en in wyt masker mei in snor op.
Minsken moatte sels gjin aksje ûndernimme, mar de plysje belje.