Tsjinstanners fan sânwinning yn de Iselmar komme yn aksje

Der driget dochs wer sânwinning mooglik te wurden yn de Iselmar, ek al is dat troch de Ried fan Steat ferbean. Tal fan natuerorganisaasjes binne dêr benaud foar. Se ha dêrom in brânbrief oan de provinsje en gemeenten skreaun.
Tsjinstanners fan sânwinning yn de Iselmar komme yn aksje
De aksjegroep Murns hat mei natuerorganisaasjes yn 2019 mei sukses protestearre tsjin sânwinning. Op in konferinsje mei it Ryk, gemeenten en sânwinbedriuwen is lykwols koartlyn sein dat it fine sân op de boaiem fan de Iselmar nedich is foar wenningbou. De tsjinstanners tinke dat it Ryk it no trochsette sil, lykas mei de gaswinning.

"Sjoch nei de eigen wetten"

"We hawwe alle oerheden dy't oer de Iselmar geane frege om asjeblyft earst nei de eigen wetten te sjen, wat wol of net mei", seit Baukje Miedema fan de Aksjegroep Murns. "Dan kin sânwinning neffens ús op in hiel soad plakken net."
© Koninklijke Smals
Se wolle fierder dat de oerheden earst sjogge nei oare mooglikheden fan bouwen of it oplossen fan it huzetekoart, foardat der sân wûn wurdt. Sânbedriuw Smals krige earder gjin fergunning, mar no liket it wer aktueel neffens Miedema:
"Je meie dan wer nije fergunninsgoanfragen dwaan. Wat wy hearre is dat Smals dwaande is mei de tarieding dêrfan. Wy bliuwe sizzen dat der al in plan fan de oerheid leit oer wêr't wol en wêr't net sân wûn wurde mei. Wy fine net dat dat opnij dien wurde moat."
Komt der dochs sânwinning by Murns, dan binne de tsjinstanners op 'e nij klear foar aksje. De protestbuorden fan 2019 binne der noch, al moatte se wol even skjinmakke wurde.