LTS 2.0: skoallen yn Noardwest-Fryslân stome learlingen klear foar technyk

De LTS komt werom yn it noardwesten fan de provinsje. Twa skoallen yn Frjentsjer en Sint-Anne wolle dêrmei mei in antwurd komme op de grutte fraach oan technysk personiel yn it bedriuwslibben.
Boubedriuw Lont kin wol nij personiel brûke:
De CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer en de Campus Middelsee/CSG Ulbe van Houten yn Sint-Anne ha in nije learrûte Technyk ûntwikkele, dy't nei eigen sizzen in 2.0-ferzje is fan de âlde LTS, de Legere Technyske Skoalle.
De nije learrûte fan skoalkoepel CVO-NWF begjint takom jier septimber. It belang fan de learlingen bliuwt foarop stean, sizze de twa skoallen, mar ek it bedriuwslibben yn de regio soe der profyt fan ha moatte.
Learlingen komme ûnder oare yn 'e kunde mei 3D-printers © ANP
"Nei har technyske oplieding kinne de learlingen trochstreame nei it technyske middelber beropsûnderwiis (mbû) en it bedriuwslibben yn de regio", fertelle de direkteuren.
De twa skoallen biede fan septimber ôf itselde technyske lesprogramma oan yn ferskate profilen: bou, ynstallaasje/metaal, grien, ICT. Yn de lokalen komme de learlingen yn 'e kunde mei ûnder oare robots, drones, it programmearjen en 3D-printers.
Hjirmei komme we wer ticht by it âlde LTS, mar dan yn in moderne útfiering.
Harry Hoefakker fan it Ulbe van Houten
Nei it twadde jier kieze de learlingen foar in profyl dat it bêst by se past. Neffens Harry Hoefakker fan it Ulbe van Houten binne de learlingen entûsjast. "Se fine it in grut pluspunt dat se sels in karfak kieze meie dy't by se past en dêr't har ynteresse leit. Hjirmei komme we wer ticht by it âlde LTS, mar dan yn in moderne útfiering."
De kommende moannen jouwe beide skoallen in soad omtinken oan de start en de ynskriuwing foar de nije technykklasse, ûnder oare by de iepen dagen en by it evenemint Techniek Tastbaar op 4 maart yn Frjentsjer.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Entûsjast boubedriuw

Jetze Lont, direkteur fan it boubedriuw yn Sint Anne, kin wol nij personiel brûke. "We ha fiif fakatueres iepenstean, lykas útfierder foar de bou en wat minsken op kantoar." De fakatueres stean net lang iepen, "mar it is krap mei wat der komt. We sykje minsken mei ambysjes en ferantwurdlikheden."
It bedriuw liedt sels ek minsken op. "Oer it generaal rint it wol werom by de bou-oplieding. Dat hat ek wol te krijen mei it imago. We ha te krijen mei in 'versnelde wereld', in soad learlingen kieze foar digitaal."

Mear allround

Mei de nije LTS is er bliid. "Ik tink dat we despesjalisearje moatte, der binne allerhanne soarten timmermannen, mar no ha we mear allround minsken nedich. En dat kinne se leare yn de praktyk." Op de campus sit in entûsjaste ambassadeur. "Dat wurket as in magneet binnen dy skoalle."
Lanlike binne sa'n 100.000 iepensteande fakatueres en dat remt de klimaatambysjes en wenningbou.
Ferslachjouwer Earryt Sijens oer de nije skoalle