Mollen al betiid op leafdespaad

As je wintertún der wat nuver byleit op it stuit, gjin panyk! Je binne net de iennige. De mollen binne dit jier in stik earder aktyf as oars. En dat soarget foar drokte by de mollefangers.
Mollen al betiid op leafdespaad
De mol wurdt gewoanwei yn de moannen febrewaris en maart aktyf. Se binne dan op leafdespaad en sykje in partner om in nestje mei te meitsjen. Troch it waarme en wiete waar fan de ôfrûne wiken binne guon mollen al yn jannewaris op 'en paad.

Wetterstân

Mollefanger Mathijs Mud hat it der mar drok mei. By syn reguliere klanten, de boeren, is alles noch rêstich, mar by de partikulieren binne gauris wat molsheapen te finen.
Dat de bisten de tún yn komme, en de lânbougrûn links lizze litte, hat te krijen mei de wetterstân. In soad greiden en ikkers binne no noch te wiet foar de mollen. Tunen lizze oer it algemien wat heger en binne dêrtroch drûger, en dus oantrekliker.

Njoggen mollen fongen

Yn in tún yn de omkriten fan Wergea is dit goed te sjen. De tún leit midden tusken de greiden. Om't de grûn dêr leger, en dus wieter, is krûpe de mollen massaal nei de tún. Mud hat yn de ôfrûne dagen al njoggen mollen fongen yn dit lytse stikje grien. Yn in gewoan foarjier soene dat der twa as trije wêze.
Dochs betsjut in betide mollemaitiid net perfoarst dat der mear bisten binne. Neffens Mud krije mollen mar ien kear yn it jier in nestje, en as dat no yn de iene as de oare moanne is, dat makket neat út.