Liveblog | 20 jannewaris 2022

Coronanijs 20 jannewaris: kabinet besjocht mooglikheden kultuer, sport en hoareka

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Boargemaster Buma fan Ljouwert fynt dat de logika yn it coronabelied fier te sykjen is;
  • Der lizze 1.123 minsken mei COVID-19 yn de Nederlânske sikehûzen;
  • Der binne tongersdei 908 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân.
  • Dy sifers binne mooglik heger, mar de systemen fan de GGD en it RIVM kinne it tal meldingen op it stuit net allegearre ferwurkje.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 20 jannewaris 2022, 19:44
freed 21 jannewaris 2022
22:40

Ein fan dit liveblog

Dit is de ein fan dit liveblog. Moarn is der wer in nij liveblog mei al it coronanijs. Tank foar it folgjen.
tongersdei 20 jannewaris 2022
19:41

Rutte wol dat maatregels neilibbe wurde

As der nije wike ferrommingen fan de coronamaatregels mooglik binne, sil it kabinet derop oantrúnje dat alle protokollen dy 't de lêste tiid ûntwikkele binne ek echt neilibbe wurde. Dat sei premier Mark Rutte yn it coronadebat yn de Twadde Keamer.
As it mooglik wurdt om bygelyks wer publyk ta te litten by de sport of yn de kultuer, wurdt fan dy sektoaren frege om 'alles te dwaan' om risiko's te minimalisearjen.
16:58

Rutte: kabinet sjocht ek nei talitting publyk by sport

As der op koarte termyn romte is om te ferrommen, sjocht it kabinet ek nei de talitting fan publyk by sportwedstriden. Dat seit preimier Mark Rutte yn debat mei de Twadde Keamer. "We hebben de hoop dat er ruimte is om te versoepelen", sei Rutte. Neist oan sportpublyk jout it kabinet foarrang oan ferrommingen foar de kultuersektor en de hoareka.
Tiisdei jouwe Rutte en soarchminister Ernst Kuipers in parsekonferinsje. Freed komt it OMT byinoar.
16:28

Minister koe net oanwêzich wêze

De digitale gearkomste is skrast, om't justysjeminister Dilan Yesilgöz net oanwêzich wêze koe fanwegen in debat yn de Twadde Keamer, sa seit in wurdfierder fan it beried. Moandei is in nije gearkomste pland.
16:20

Ekstra Veiligheidsberaad giet net troch

De ekstra gearkomste fan it Veiligheidsberaad giet tongersdeitejûn net troch. It is neffens in wurdfierder noch net bekend wêrom oft de plande digitale gearkomste skrast is.

De 25 boargemasters dy't foarsitter binne fan in feilichheidsregio soene de coronamaatregels foar de hoareka en kultuersektor beprate. Se fine dat de sektoaren noch dizze wiken fan it kabinet hearre moatte hoe oft harren takomst derútsjocht.
15:28

Coronadebat tydlik ûnderbrutsen om antwurden FVD-Keamerlid

Keamerfoarsitter Vera Bergkamp hat yngrepen en it coronadebat tydlik ûnderbrutsen. Dat barde nei't Forum voor Democratie-Keamerlid Gideon van Meijeren oprôp ta wetteleazens. Van Meijeren sels sei, op fragen fan CDA-Keamerlid Joba van den Berg, dat er inkeld oprôp ta boargerlike oerhearrigens. It debat is yntusken wer dwaande.
Earder sei Bergkamp al tsjin Van Meijeren dat er net sprekke moat fan "crimineel beleid", of hy moat ministers oankleie fanwegen amtsmisdriuwen. Nei de ûnderbrekking barste der in felle diskusje los tusken Van Meijeren en in tal oare Keamerleden. Dêrnei is Bergkamp ien op ien yn petear gien mei it FVD-Keamerlid.
Van Meijeren wie noch net oan syn bydrage yn it coronadebat begûn, mar oare Keamerleden fregen him tekst en útlis te jaan oer útspraken dy't er earder dizze moanne die. Hy sei dat er de minsken dy't ferantwurdlik binne foar it coronabeleid wol "opsporen, vervolgen en opsluiten".
Gideon van Meijeren (FVD) © ANP Foto