De follybalsters fan VC Snits winne mei 3-0 fan Eurosped

De follybalsters fan VC Snits hawwe woansdei mei 3-0 wûn fan Eurosped fan Vroomshoop. Dêrmei stiet it frouljusteam op dit stuit op in tredde plak yn de Earedivyzje, mei Sliedrecht Sport en Team22 noch boppe har.
Argyffoto © Orange Pictures
De setstannen yn de wedstriid wiene 25-19, 25-14 en 25-13. De tsjinstanners makken mear passes yn it spul, mar dy fan de ploech út Snits wiene suksesfoller. Fan it totaal oantal oanfallen waard yn mear as de helte fan de gefallen skoard.
Sneon komme de froulju wer yn aksje, as sy yn Utrecht tsjin Booleans/VV Utrecht moatte. Yn de Earedivyzje foar de froulju dogge yn totaal 13 teams mei.