Sybrand Buma mei noch 30 boargemasters: "Logika yn coronabelied fier te sykjen"

Mei noch 30 oare boargemasters hat Sybrand Buma fan Ljouwert in iepen brief oan it kabinet skreaun. It boadskip: it hjoeddeiske coronabelied is net mear hâldber en skeint it betrouwen yn it bestjoer.
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert © ANP
De boargemasters pleitsje derfoar om it coronabelied fûneminteel oan te passen. Sy skriuwe yn in iepen brief yn de Volkskrant dat de logika yn it belied fuort is.
Sybrand Buma, boargemaster fan Ljouwert en foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân, is ien fan de minsken dy't de brief tekene hat. Under har ûnder oaren ek boargemasters Femke Halsema fan Amsterdam, Ahmed Aboutaleb fan Rotterdam, Jan van Zanen fan Den Haag en Koen Schuiling fan Grins.

Foar de boargers oer te stean

Neffens de boargemasters is lokale hanthavening stadichoan it sintrale elemint fan de krisisbestriding wurden. "Maar een repressieve overheid komt tegenover zijn eigen burgers te staan, ook tegenover hen die van goede wil maar inmiddels moedeloos zijn", sa skriuwe sy.
De boargemasters binne benaud dat de mienskip lilker wurdt troch ûngelikense en selektive hanthavening. "Regels werken echter alleen als ze rusten op maatschappelijke en politieke overeenstemming", fynt de boargemastersploech.
"Inmiddels draaien gemeentelijke juristen overuren om uit te dokteren of een yoga­studio in een museum of een kapsalon in een theater moet worden toegestaan of verboden volgens de landelijke noodwetgeving", stiet yn de brief.

Foarsisber, logysk en reedlik

De bestjoerders wolle in perspektyf foar de langere termyn. As der ekstra coronaregels nedich binne, soene dy foarsisber, logysk en reedlik wêze moatte. In punt wêrmei't dat neffens de boargemasters net goed gie, wiene de fluch wikseljende mûlkapkeregels.
Strange maatregels lykas dy fan de lêste tiid wringe as de besmettings- en sikehûssifers de logika en reedlikens ûnderút helje. 'Ad-hocmatregels' dogge in te grut berop op it úthâldingsfermogen en it betrouwen yn it bestjoer, sa fine Buma en de oare boargemasters.