VVD-Europarlemintariër Jan Huitema: "It taboe moat fan kearnenerzjy ôf"

De Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe woansdei op in ekspertmeeting praat oer kearnenerzjy as mooglik ûnderdiel fan de 'enerzjymiks' fan de takomst. Neffens guon is it taboe der ôf en hat kearnenerzjy foardielen.
De kearnsintrale yn Borssele © ANP
Kearnenerzjy wurdt troch guon partijen sjoen as 'grien', omdat der by de produksje fan elektrisiteit gjin CO2 útstjitten wurdt.
Saakkundigen fan TNO en de TU Delft neamden noch mear foardielen: kearnenerzjy leit in folle lytser beslach op de romte as wyn- en sinneparken. En it is boppedat folle stabiler yn de enerzjyproduksje. Ek giet in kearnsintrale neffens professor Jan Leen Kloosterman fan de Technische Universiteit Delft folle langer mei as in wynturbine op see.

Minder ôfhinklik

It opwekken fan kearnenerzjy kin der ek foar soargje dat Nederlân folle minder ôfhinklik wurdt fan de ymport fan gas út lannen as Ruslân. Boppedat wurdt der wurke oan in nije generaasje kearnsintrales dy't neffens Kloosterman in stik feiliger en skjinner is as de âlde.

Lytsere reaktoaren

De kearnsintrale fan de takomst bestiet nei alle gedachten út in pear lytsere reaktoaren byinoar, yn stee fan ien grutte. Mei nije techniken is de kâns op in grut ûngelok lykas yn Tsjernobyl folle lytser en ek produsearje de sintrales hieltyd minder radioaktyf ôffal.
Kloosterman pleitet dêrom foar mear ynvestearringen yn it ûntwikkeljen fan nije kearnsintrales, want Europa driget no efterop te reitsjen yn ferliking mei Sina en Amearika.

Feiligens

"In kearnsintrale moat fansels yn it foarste plak feilich wêze", seit VVD-Europarlemintariër Jan Huitema. "Mar sa'n nij type feilige kearnsintrale mei fan my wol yn Fryslân komme."
Europarlemintariër Jan Huitema oer kearnenerzjy
Yn de miljeukommisje fan it Europeesk Parlemint besiket Huitema foarinoar te krijen dat kearnenerzjy offisjeel it Europeeske label fan 'griene enerzjy' krijt, sadat der folle mear jild beskikber komt fan de Europeeske Uny en partikulieren foar ynvestearringen yn kearnenerzjy.
Huitema fynt it dan ek in goeie saak dat ek Provinsjale Steaten de mooglikheden fan kearnenerzjy ûndersykje.
It ûnderwerp wie hiel lang polityk ûnbesprekber, mar ik fernim dat de jongere generaasje der oars nei sjocht.
VVD-Europarlemintariër Jan Huitema
"Foar de langere termyn is it hiel wichtich dat je je eigen enerzjy opwekke kinne. Foar it klimaat is kearnenerzjy dan ien fan de beste opsjes. It ûnderwerp wie hiel lang polityk ûnbesprekber, mar ik fernim dat de jongere generaasje der oars nei sjocht. It taboe is der sa njonkenlytsen ôf", seit Huitema.

Wjerstân

Likegoed komt de liberaal yn it Europeesk Parlemint ek in soad wjerstân tsjin. Dútslân is tsjin kearnenerzjy, lykas de Grienen en ek Eurokommissaris Green Deal Frans Timmermans is gjin foarstanner.
Electrabel Kerncentrale Doel © ANP
De foarsitters fan de kommisjes ekonomy en miljeu wolle dêrom earst de Europeeske boargers oer dit gefoelige ûnderwerp rieplachtsje, foardat der oer stimd wurdt yn it parlemint. Huitema: "De tsjinstanners besykje fan alles om de stimming út te stellen, mar ik fertrou der op dat hjir úteinlik wol in mearderheid foar is."

Hege kosten

Ien fan de wichtichste neidielen fan kearnenerzjy binne de hege ynvestearringskosten. In nije kearnsintrale kostet samar tusken de 6 oant 8 miljard, mar omrekkene nei it tal terawatts dat sa'n sintrale produsearret binne de kosten net heger as dy fan gas.
De kosten binne ek sa heech, omdat ynvestearje yn kearnenerzjy no noch as risikofol jildt, wêrtroch't mei hege rinten rekkene wurdt. It Europeeske label 'griene enerzjy' soe dat feroarje kinne.

Kabinetsambysjes

It nije kabinet Rutte IV is fan doel om op twa plakken yn Nederlân te ynvestearjen yn kearnsintrales. Wêr yn Nederlân dy nije sintrales mooglik komme moatte is noch net bekend. It giet ek om in ambysje foar de langere termyn. De proseduere en de bou fan in nije kearnsintrale duorret neffens de saakkundigen seker tusken de 12 en 14 jier.