Krityk fan fytsers en doarpsbelang op plan foar fytspaad lâns A7 by Snits

In soad fytsers dy't alle dagen oer de drokke rotonde moatte oan de ein fan de Oppenhuizerweg yn Snits, sjogge neat yn de oplossing dy't de gemeente betocht hat om wat oan dy drokte te dwaan.
Fytsers sjogge it nut net fan in nij fytspaad:
De gemeente wol in fytsrûte oanlizze tusken it Van der Valkhotel en de A7. It nije fytspaad moat der foar soargje dat fytsers út Toppenhuzen en Twellingea feiliger Snits yn en út kinne. Fytsers binne der net wiis mei en ûnder oare it doarpsbelang fan Top en Twel keart him tsjin de oplossing fan de gemeente.
Yn de plannen stiet dat fytsers fia in tunneltsje by de Broersleat ûnder de A7 troch moatte. Dat tunneltsje is neffens it doarpsbelang hiel tsjuster, net kontrolearre en dêrom ûnfeilich.
© Omrop Fryslân
Neffens foarsitter Luuk Westert fan doarpsbelang ferfangt de gemeente in ûnfeilige situaasje mei in oare ûnfeilige situaasje. "Der is gjin sicht op dy rûte. It leit eins flakby de sneldyk, dy leit in stik heger. Se hawwe eins hielendal gjin sicht op de minsken dy 't der lâns komme."
De gemeente hat trije oplossingen oandroegen. As earste dat minsken omfytse fia de Oude Oppenhuizerweg. Dat is neffens de gemeente gjin goede oplossing, omdat dat in soad ekstra ôfstân is en omdat de Oude Oppenhuizenweg net geskikt is foar drok fytsferkear.
In oare opsje is de linkerkant fan it Rasterhoffpark, mar dat wurdt as gefaarlik beskôge. De rûte flak lâns de A7 en Van der Valk wurdt as in feilige opsje beskôge. De Fietsersbond is it dêrmei iens.
De tsjustere tunnel ûnder de A7 © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Doarpsbelang Top en Twel wol graach in fytsbrêge of -tunnel op it plak fan de besteande rotonde. Yn it foarstel fan de gemeente stiet dat dat gjin goeie oplossing is. De gemeente moat dan romte kreëarje foar de útrinners fan in brêge of in tunnel.
In brêge soe neffens it ûndersyk in 'landmark' wêze kinne, mar foar fytsers is it in tige grut hichteferskil om te oerbrêgjen. Foar in tunnel moat de rotonde optild wurde. Dat soe neffens it gemeentebestjoer skande wêze. "Der komt in tydlike oplossing foar it autoferkear op de rotonde en al dy ynvestearringen wurde mei it optillen fan de rotonde teneate dien."
© Google Streetview
Ferskate partijen hiene harren fraachtekens by de plannen fan it kolleezje. Dêrom woene se mear ynformaasje oer it ferkearsûndersyk. Tiisdeitejûn waard de kwestje bepraat. It doarpsbelang hat harren beswieren ek kenber makke yn de ried.
Westert: "Hast alle partijen yn de ried wiene it iens mei ús beswieren. It kolleezje hat oanjûn dat se it plan foar it fytspaad wer weromnimme. Foar de simmer komme se der op werom, yn goed oerlis mei ûnder oare it doarpsbelang."