Fryske kultuersektor lit fan him hearre mei protest: "Iepen, iepen, iepen!"

De kultuersektor kaam woansdei yn aksje, nei de oprop fan akteur Diederik Ebbinge om teäters en musea om te bouwen ta yogastudio of kapsalon. Yn Fryslân wie ek protest, ûnder oare fan Tryater en it Fries Scheepvaart Museum.
Dizze aksjes wiene yn Fryslân op tou set:
Teäterselskip Tryater wie yn 't earstoan fan doel om minsken knippe te litten. "Wy soene in kapsalon iepenje, dêr't kappers klanten knippe soene. En ûnderwilens soene wy akteurs solo spylje litte wolle", fertelt artistyk lieder Tatiana Pratley. It pakte lykwols krekt wat oars út.
De knipaksje mocht net fan de gemeente. "Ik begryp wol dat in boargemaster it net tastean kin, mar ik fyn it wol tiid om sjen te litten dat de sektor perspektyf nedich hat. Wy hearden fan boargemaster Buma dat wy net yn Tryater wat dwaan mochten, mar wol bûten", seit Pratley.
"Iepen, iepen, iepen!"
Dêrom liet Tryater it der net by sitte. Der folge in protestmars fan Tryater nei it Saailân ta. Dêr wie noch in aksje: it Fries Museum hie in yoga-studio ynrjochte. Dat soe earst binnen, tusken de skilderijen. Om't de boargemaster oankondige hie te hanthavenjen en se de aksje dochs trochsette woenen, waard útwykt nei it Saailân.
Artistyk lieder Tatiana Pratley fan Tryater
Ek it Fries Scheepvaart Museum yn Snits die woansdei mei oan it lanlike protest fan de kultuersektor. Dêr mocht de aksje fan gemeente Súdwest-Fryslân wol plakfine yn it museum sels.

'Niet chillen, maar drillen'

Under it biedwurd 'niet chillen, maar drillen' wie der nautyske gymnastyk yn it museum. "We gaan een kwartier lang aan de slag met allerlei gymoefeningen die verwijzen naar de scheepvaart. Zeilen hijsen, mastklimmen, touwtrekken. Lekker in beweging", seit direkteur Hester Postma.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma by de museumgymnastyk
Der waard mei QR-koaden, mûlkapkes en ôfstânsstippen rekken holden mei de coronamaatregels. Postma: "We hebben onze actie aangekondigd bij de gemeente en de burgemeester heeft aangegeven het te gedogen. Op de voorwaarde dat we het klein zouden houden. Daar hebben wel alle begrip voor. We willen niemand voor het hoofd stoten."
Nautyske gymnastyk yn it Fries Scheepvaart Museum © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De cooling down-kuier troch it museum wie net tastien, mar de gymworkshop wol. Dêr makke it museum dan ek gebrûk fan. "Wij willen wel graag even op de trommel slaan. We zijn er klaar voor om open te gaan. Ik denk dat de musea hebben laten zien dat er op een veilige manier van alles georganiseerd kan worden."
Direkteur Hester Postma fan it Fries Scheepvaart Museum