GGD hopet dat OMT nei karantêneregels sjen wol: sa'n 3.000 Fryske bern thús

GGD Fryslân hopet dat it Outbreak Management Team fluch de karantêneregels foar it ûnderwiis op 'e nij besjocht. De skatting is dat der no al sa'n 3.000 Fryske learlingen thús sitte.
In dosint fersoarget thúsûnderwiis © ANP
De skoallen binne noch gjin ta wiken los nei de krystfakânsje, mar dochs is de wjerslach fan de besmetlike omikronfariant al dúdlik sichtber yn it Fryske ûnderwiis. Der binne 87 basisskoalleklassen nei hûs stjoerd en yn it fuortset ûnderwiis hat de GGD 16 coronaklusters yn byld.

Soargen

De regel is dat by trije besmette bern de hiele klasse nei hûs ta moat, mar neffens de GGD is it mar de fraach hoe hâldber dat is. "Dat ligt bij het onderwijs zelf, maar we maken ons daar wel zorgen over", seit Derk Moor fan GGD Fryslân.
We zien nu dat het gaat knellen, dus we hopen dat het OMT zich hier op korte termijn over buigt.
Derk Moor fan GGD Fryslân
"Het is niet goed dat zoveel kinderen thuis komen te zitten. We zien nu dat het gaat knellen, dus we hopen dat het OMT zich hier op korte termijn over buigt", sei Moor.

Regels noch hâlber?

De GGD en it ûnderwiis wurkje neffens Moor op in smelle line. "Enerzijds wil je groei van de ziekte voorkomen, anderzijds wil je kinderen onderwijs geven. Omikron is veel besmettelijker, maar het lijkt erop dat het wel minder ziek maakt. Je kunt dan denken: zijn de regels nog wel passend bij deze tijd? Dat dilemma ligt bij het OMT. Wij hopen dat daar snel een nieuwe uitspraak over komt."
Derk Moor fan GGD Fryslân
GGD Fryslân jout advys oan skoallen. "Het probleem is dat het organisatorisch voor scholen heel lastig wordt. Het omschakelen naar thuisonderwijs is niet makkelijk in een dag te doen."
Learkrêften dy't in boosterprik hân hawwe, hoege net mear nei hûs by in besmetting yn de klasse, mar foar learlingen jildt dat net. Trije besmettingen betsjut dat eltsenien nei hûs moat.
As meardere besmette bern út ien húshâlden komme, sjocht de GGD it wol as 'ien' besmetting.
De krekte regels en advizen oer hoe't learlingen en it ûnderwiis mei it coronafirus omgean moatte, binne te lêzen op de webside fan it RIVM.