Lêste stap op wei nei wrâlderfgoedstatus Planetarium: dossier ynlevere yn Parys

In Nederlânske ôffeardiging hat yn Parys de papieren ynlevere foar de wrâlderfgoedstatus fan it Eise Eisinga Planetarium. It is de lêste stap op wei nei de status.
Marga Waanders oerlanget it dossier oan Lazare Eloundou © Eise Eisinga Planetarium
Under oare Planetarium-direkteur Adrie Warmenhoven en boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke binne yn Parys. It dossier fan it Planetarium is yn ûntfangst naam troch Lazare Eloundou, de nije direkteur fan it World Heritage Centre.
In moanne lyn waard bekend dat de ministerried it Planetarium foardraacht as Unesco Wrâlderfgoed. It oerlangjen fan it dossier wie de alderlêste stap.
Dit vinden we beschermwaardig en mag nooit verloren gaan.
Adrie Warmenhoven
"In het dossier beschrijven we hoe uniek het planetarium is op werelschaal", fertelt Warmenhoven. "Dit vinden we beschermwaardig en mag nooit verloren gaan. Dat is de kern van het dossier."
Eise Eisinga boude it bewegende skaalmodel fan it sinnestelsel yn it plafond fan syn eigen wenkeamer. Yn 1825 waard it planetarium kocht troch de Nederlânske steat, dy't it yn 1859 oan de stêd Frjentsjer joech. Dy stelde it iepen as museum. Sûnt 1967 is it in Ryksmonumint en as foarbyld fan de tiid fan de Ferljochting is it ek opnommen yn de Canon van Nederland.
Yn 2003 wie der in bestjoerslid dy't mei it idee kaam. Sûnt 2010 stiet it Planetarium op in nominaasjelist. "We moesten eerst de Nederlandse staat overtuigen, sinds 2010 werken we samen met de ministeries om een goed dossier samen te stellen."
Dit jier komt in kontrôlekommisje fan it UNESCO del yn Frjentsjer. It definitive beslút soe dan yn july 2023 komme moatte.
Adrie Warmerhoven yn it Planetarium © Eise Eisinga Planetarium
Warmenhoven bliuwt foarsichtich. "Tot nu toe is alles heel goed gegaan, maar nu is het Unesco die ernaar gaat kijken. En natuurlijk hebben we heel goed gekeken naar alle eisen, maar we moeten nu het oordeel afwachten."
It soe wol in grutte wurdearring wêze, fynt Warmenhoven. "Het zorgt ervoor dat Unesco zich ook sterk maakt voor de instandhouding. Als je bedenkt dat er op de hele wereld maar zo'n duizend plekken zijn, dan heeft het voor Nederland en Fryslân een enorme waarde."