Dierenvoedselbank Friesland hat driuwend ferlet fan jild en frijwilligers

De Dierenvoedselbank Friesland hat driuwend ferlet fan jild en frijwilligers. De foarsjenning yn Bakkefean bestiet trije jier en hat it smoardrok.
200 kliïnten mei goed 400 bisten, allinnich al yn de regio Drachten en It Hearrenfean:
Der komme hieltyd mear minsken mei in leech ynkommen, dy't in húsdier hawwe en dy ek hâlde wolle. Troch corona is dat noch slimmer wurden. De Dierenvoedselbank kin helpe mei fretten, medyske artikels, oar guod of mei sterilisaasjes.
Ien fan de minsken dy't der komt is René de Hei fan It Hearrenfean. Hy hat fiif katten en ien pappegaai. René hat in Wajong-útkearing en moat rûnkomme fan fyftich euro yn de wike.

Krabpeal fan de voedselbank

"Ik kin de bisten net altyd wat biede, mar mei de Dierenvoedselbank derby kin it moai. Lêst ha se my ek belle of ik in 'krabpeal' ha woe foar de katten. Dat woe ik wol en ik bin der hartstikke bliid mei."
Katten of de pappegaai fuortdwaan is foar him gjin opsje. "Ik wol se absolút net kwyt."
We hebben 500 kilo voedsel gekregen, maar dat is in één uitgifte weer weg.
Silvia Flantua fan de Dierenvoedselbank
De Dierenvoedselbank is bot ôfhinklik fan donaasjes. In grutte dierespesjaalsaakketen joech moandei oan fiif Dierenvoedselbanken yn totaal 2800 kilo fretten, wêrûnder oan dy yn Fryslân.
Silvia Flantua fan de Dierenvoedselbank is der bliid mei. Se kinne it hiel goed brûke. "We hebben 500 kilo gekregen, maar dat is in één uitgifte weer weg. Met ruim 200 cliënten zijn we het zo kwijt."

Protte skrinende gefallen

In Dierenvoedselbank is krekt as de reguliere 'voedselbank', de 'goederenbank' en de boartersguodbank noch hieltyd needsaaklik. "Er zijn heel schrijnende gevallen bij", seit Flantua. "Als mensen hun baan kwijtraken, vooral nu met corona, komen ze in de bewindvoering en het eerste wat die zeggen is: U moet uw dieren wegdoen. En dat is heel sneu."
It measte guod en fretten krijt de Dierenvoedselbank fan Stichting Dierenlot. Jilddonaasjes krije se net. It is woldiedigenswurk en Flantua stekt der sels ek jild yn.
Silvia Flantua fan de Dierenvoedselbank krijt in grutte donaasje fan in dierespesjaalsaak © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Een heleboel mensen hebben geen inkomen en geen vervoer en dus moeten we het brengen en de benzine is hartstikke duur op het ogenblik."

Hert leit deryn

Neist finansjele stipe is der ek ferlet fan frijwilligers. "Het is heel vervelend, want iedereen is aan het schooien, maar ik zit ook aan de andere kant en dan moeten we het wel vragen. Het is nog vol te houden, omdat we er privégeld insteken. Want je hart ligt er, dus dan moet je helpen, hè."
Neist de Dierenvoedselbank is der yn Fryslân noch de organisaasje 'Wie vult mijn bak' dy't fretten en guod fan Stichting Dierenlot krijt. Dy hat deselde funksje, mar dan foar de regio Ljouwert.
Ek de Gouden Poot stipe minima mei húsdieren, mar neffens Flantua is dy net mear oansletten by Dierenlot en is dêrom minder aktyf.