FNP: dykfersterking Wierum en Flylân: wurdt hjir mei twa maten metten?

Ferbreedzjen fan de seedyk moat by Wierum krekt sa as by Flylân oanflein wurde. Dat fynt de FNP yn de gemeente Noardeast-Fryslân. It kin dochs net sa wêze dat der mei twa maten metten wurdt.
Jan Prins fan Doarpsbelang hopet dat dizze wei bliuwt sa't er is © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
De partij stelt fragen oer dizze saak oan boargemaster en wethâlders fan Noardeast-Fryslân.
Yn it Dagblad van het Noorden fan 5 jannewaris stiet dat de dykfersterking Flylân trochgean mei, skriuwt de wurdfierder Koonstra yn in brief oan boargemaster en wethâlders. Rykswettersteat sil de seedyk mei 7 oant 10 meter breder meitsje, de Waadsee yn. Sa ferdwynt der goed ien hektare oan slyk en sânplaten. De minister fynt dat gjin probleem, neffens Koonstra. It is mar in lyts diel fan 'e Waadsee.

Der binne ek konkrete plannen om de seedyk yn Noardeast-Fryslân te fersterkjen. Troch ferbreding sil de seedyk in stik fan it doarp Wierum opeaskje. Ek soe in part en in restant fan de âlde opfeart yn Wierum ferdwine en soe der mooglik in muorre yn it doarp komme.

"Sloop net útsluten"

Wetterskip Fryslân kin net garandearje dat der gjin gebouwen sloopt hoege te wurden fanwege de dykferbreding, sa sei foarsitter deistich bestjoer Bé de Winter in pear moanne ferlyn op in gearkomste fan it wetterskip. Oare leden fan it wetterskip wiene kritysk op hoe't wetterskip de situaasje by Wierum oanfljocht, al binne der noch gjin konkrekte plannen bekend makke.
Op dizze gearkomste sei it deistich bestjoer fan it wetterskip ek dat by Moddergat wol romte is foar útwreiding bûtendyks, en by Wierum net. By Moddergat soe de saak der oars hinne lizze wat de romte oanbelanget.

Skeind doarp

De FNP freget him no ôf hoefolle romte oft der is om in skeind doarp foar te kommen. Neffens de partij spilet dit yn Wierum en ek yn mindere mate by de huzen flak achter de seedyk op 't Skoar by Ternaard.
© Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Wat de FNP oanbelanget is der genôch romte oan de bûtenkant fan de seedyk yn de Waadsee. It moat by Wierum krekt sa as by Flylân oanflein wurde. Neffens Koonstra kin it dochs net sa wêze dat der mei twa maten metten wurdt.

"Flylân snobbet ek stikje Waadsee op"

Koonstra skriuwt: "Sawol by Wierum as by Flylân, mar ek by Den Oever en Teksel, is der itselde doel: it ferbetterjen fan wetterfeiligens. De kearn is eins dat it om deselde Waadsee, behearsregels Natura2000 en slyk- of sânplaten giet."
"De útkomst is kenlik net oeral itselde, omdat Flylân en oare lokaasjes in stikje Waadsee opsnobje mei (eins ynpolderje) en Wierum dus net. Hoe kin dat? Wa beslute deroer?"
De partij wol dat it gemeentebestjoer mear opkomt foar de bewenners. Miskien hat Fryslân wol "te braaf west mei it opnimmen fan opleine, krappe reserveringssônes yn de feroardering 'Romte en de bestimmingsplannen'."