Minister werom op skoalle: "Gjin PC-winner, mar minister is ek net ferkeard"

Foar basisskoalle IKC Toermalijn yn Frjentsjer wie it moandei in bysûndere dei: minister Dennis Wiersma foar basis- en fuortset ûnderwiis kaam op besite.
Wiersma hat sels op dizze skoalle sitten:
"Ik wit net sa goed wat in minister docht, mar ik tink ministerdingen", seit ien fan de skoalbern, ôfwachtsjend op de oankomst fan Wiersma. Dan stoarmet groep 8 fan de basisskoalle nei bûten ta.
Mei grutte fleurichheid stapt Wiersma op de direkteur fan de skoalle ôf.

Proftennisser of piloat

Om't de coronasituaasje it net talit om allegear nei binnen te gean, binne de petearen mei de learlingen bûten op it plein. Ferskate learlingen meie in fraach stelle oan Wiersma.
Ien fan harren is Hester. Sy freget wat in minister eins docht. "Ik wit dat hy wat mei it ûnderwiis docht. It moaiste fyn ik dat hy net minister wurde woe. Hy woe eins proftennisser of piloat wurde."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op de skoalle
Dennis Wiersma by syn âlde skoalle yn Frjentsjer © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Foar Wiersma is der in protte feroare sûnt de tiid dat er op skoalle siet. "Het lijkt niet eens meer echt allemaal. De school is gefuseerd en daarna zijn er nieuwe stukken bijgebouwd. Dan zie je het niet meer", seit de VVD'er.
Der is noch ien oanknopingspunt. "Van alle docenten die ik gehad heb, is er nog eentje overgebleven. We hebben net foto's uitgewisseld van vroeger. Dat was leuk."
Dit is dan gjin PC-winner, mar in minister is ek net ferkeard.
Wiepie Kooistra hie Dennis Wiersma yn 'e klasse
"Dennis wie in foarbyldlearling", seit Wiepie Kooistra. Se wurket al 41 jier op de skoalle yn Frjentsjer en is de iennige noch dy't Wiersma les jûn hat.
"Hy koe altyd fan alles freegje en wie de rêst yn de klasse. Dat wie noflik. Ik hie nea ferwachte dat hy minister wurde soe. Ik fyn dat wol hiel moai. Foar mysels ha ik altyd al tocht dat ik in PC-winner yn de klasse ha woe. Dat like my sa moai. Dit is dan gjin PC-winner, mar in minister is ek net ferkeard."
Margriet Bonnema fan basisskoalle De Toermalijn yn Frjentsjer
Wiersma is pas sûnt in wike oan it wurk, mar krijt fuortendaliks in grut fraachstik op syn boerd: Hoe komt it mei it ûnderwiis nei dizze coronakrisis?
It ûnderwiis hat in skoft stillein en dêrtroch binne de efterstannen grut. "Maar daar hebben we veel geld voor vrij kunnen maken", seit Wiersma.

'Niet extra vragen van leraren'

"We gaan de komende jaren met de scholen kijken hoe we dat geld het beste kunnen verdelen. We moeten alles weer oppakken. De leraren hebben het al druk dus kun je niet nog iets extra's van ze vragen. We hebben een stappenplan gemaakt en dan gaan we kijken hoe we dat in kunnen vullen."