Daan Breeuwsma hâldt nei dit seizoen op: "In soad berikt, mar net it ultime"

Shorttracker Daan Breeuwsma (34) beëiniget nei dit seizoen syn karriêre. "Ik wol net de Claudia Pechstein fan it shorttrack wurde."
Daan Breeuwsma snein yn de Alvestêdehal yn Ljouwert © Orange Pictures
Breeuwsma die twa kear mei oan de Olympyske Spelen, mar krige moandei te hearren dat er net selektearre is foar de Spelen fan febrewaris yn Peking.
"Dat komt hurd oan", fertelt Breeuwsma. "Ik wist fansels dat it net maklik wêze soe, mar ik hie noch wol hoop. Mar it sit der spitigernôch net yn."
Ik bin der fol foar gien, en ha in soad berikt.
Daan Breeuwsma
De fan oarsprong Boarnster makket it seizoen noch wol ôf en hopet dat er nei it WK ta kin op de relay. "Mar dêrnei is it gebeurd, dan kap ik dermei."
"It hat myn hiele libben west sawat. Ik ha fyftjin, sechstjin jier yn de nasjonale ploech sitten. Ik bin der fol foar gien, in soad berikt. Net it ultime, want dat soe in olympyske medalje op de relay wêze. Dat docht sear. Mar it beslút is naam en ik moat it dermei dwaan."

Trije kear wrâldkampioen

Yn syn lange shorttrackkarriêre behelle Breeuwsma benammen sukses op de relay. Mei Nederlân waard er wrâldkampioen yn 2014, 2017 en 2021. Dêrnjonken wûn er ien sulveren WK-medalje en twa kear brûns.
Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt nei it WK-goud yn 2017 © ANP
Op de ferskate Europeeske kampioenskippen wûn Breeuwsma fiif titels mei Nederlân op de relay.

Fjirde yn Sotsji

Yn 2014 grypte Breeuwsma mei Nederlân krekt njonken in olympyske medalje. Yn Sotsji waard de ploech mei Breeuwsma, Sjinkie Knegt, Niels Kerstholt en Freek van der Wart fjirde. Van der Wart gong oan it begjin fan dy finale ûnderút, wêrnei't Nederlân krekt tekoart kaam nei in lange achterfolging.

Twa kear goud yn Nederlân

Twa fan de trije gouden WK-medaljes behelle Breeuwsma yn Nederlân. Dy beskôget er logyskerwiis as de hichtepunten yn syn karriêre.
Daan Breeuwsma as twadde fan links nei it WK-goud yn Dordrecht ferline jier © ANP
"Ien fan myn moaiste mominten is it WK yn 2017 yn Ahoy", fertelt er. "Dat wie legindarysk, dat we foar eigen publyk wrâldkampioen waarden. Dat wie prachtich."
Ferline jier werhelle Nederlân dy prestaasje yn Dordrecht, mar ûnder hiel oare omstannichheden. "In leech stadion, in bizar seizoen, it ferlies fan Lara van Ruijven, de coronaperikelen. Dan dochs wrâldkampioen wurde, wie hiel bysûnder."