Dowestellerij Steggerda noch net oplost, eigeners gean fol goede moed fierder

De stellerij by de bruorren Homma yn Steggerda wie lêsten grut nijs. Sa'n hûndert djoere, priiswinnende dowen waarden stellen. Sân wike letter is fan de dieders noch gjin spoar, mar de Homma's besykje nije topdowen te 'kweken'.
Argyfbyld fan jonge dowen fan de bruorren © Gebroeders Homma
Ien fan de stellen dowen, Luna, wie sa goed dat dy tonnen wurdich wie. De dieven moatte dat witten hawwe. De bruorren Homma wiene der bot foar wei. De plysje stoarte him fuortendaliks op de stellerij, want der wiene ek kamerabylden, mar dat smiet neat op.
De Homma's hawwe ûnderwilens harren hobby wer oppakt. Se hawwe harren der fol op stoart om wer op it âlde nivo te kommen, fertelt Ydo Homma.

Nije dowen oanbean

Hy en syn broer hawwe in soad reaksjes krige, regionaal mar ek nasjonaal. De stellerij wie lanlik nijs. Mei de reaksjes krijst de dowen net werom, mar it wie dochs wol moai, fynt Ydo.
Se hawwe nije dowen oanbean krige. Yn de krystfakânsje hawwe se ferskate autoritsjes makke om dy op te heljen. It gie dan benammen om neikommelingen fan topdowen.
Elco (links) en Ydo Homma foar harren lege dowehok © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Doel fan no is fansels in nije topdo lykas Luna. Dat kin hurd gean. Luna is ek út it aai kaam yn 2020 en yn 2021 wie se de bêste fan Nederlân.
De Homma's dogge der alles oan om fan in do in topdo te meitsjen. It fretten, de training en de motivaasje om werom nei hûs te fleanen, dat alles moat goed wêze. Dêrby spylje meardere faktoaren in rol. Fan de fentilaasje yn it hok oant de medyske begelieding, neffens Ydo Homma.
Sysels binne ek pas sûnt 2006 dwaande. Se hawwe dêrby in soad hân oan kollega-dowehâlders fan de feriening. Dy beaën bygelyks tsien dowen oan om mei te begjinnen.