Fryske skouboargen wurkje oan festival om makkers perspektyf te bieden

De kultuersektor leit him net del by it kabinetsbeslút dat teäters en musea noch net iepen meie. Artysten komme yn aksje, se wolle teäters ombouwe ta kappers- en beautysaken, want dy meie wol iepen.
Ek yn Fryslân is der reuring:
De fiif grutte teäters yn de provinsje komme mei in festival. 'Het festival van Overmorgen' moat derfoar soargje dat de kultuer oerlibje kin. It giet om De Koornbeurs yn Frjentsjer, De Lawei yn Drachten, De Harmonie yn Ljouwert, Theater Sneek yn Snits en Posthuis Theater op It Hearrenfean. Dy soargje foar in eigen produksje dy't dan wer yn alle oaren te sjen is.
Teäter yn Snits © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Het festival van Overmorgen is nog de werktitel", seit Wiebren Buma fan Theater Sneek. "We hebben in deze coronatijd alle tijd om plannen te bedenken en dat doen we met makers, om mensen aan het werk te houden en perspectief te bieden."

Op toernee by de skouboargen

Hy leit út wat krekt de bedoeling fan it festival is. "Ieder theater kiest een maker en daarmee maken we een mooie voorstelling. Die is in ons theater te zien en daarna ook in de andere vier schouwburgen." En oarsom wurket it ek. "Wat wij hier in Sneek maken is het hoofdgerecht van ons weekend en daar verzinnen we nog een randprogramma bij." De útklaaide ferzje sûnder râneprogramma giet nei de oare fjouwer plakken. "Zo doet iedereen dat in zijn eigen stad."
Wiebren Buma © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Alle fiif dogge wat oars. "We kiezen maatschappelijke thema's en dat uit zich in toneel, muziek en misschien ook wel dans en beeld. Samen wordt dat een mooi weekend."
It moat oan it begjin fan it nije seizoen yn septimber te sjen wêze. "De makers kunnen er daarna ook verder het land in." De measte makkers komme út Noard-Nederlân.
Wiebren Buma

Doar los yn Frjentsjer

Yn Frjentsjer sjogge se ek út nei it festival. Mar earst dogge se moandeitejûn de doar los foar artysten of teäterselskippen dy't graach op in grut poadium oefenje wolle. "Wy hawwe besluten oant 25 jannewaris alle dagen en jûnen beskikber te wêzen foar profesjonele artysten en amateurferienings dy't graach oefenje wolle", seit direkteur Titia Huisman.
"Binnen de maatregels sa't dy freed oankondige binne, mei dat." Njonken dat de seal brûkt wurdt hat it in twadde doel: "Dat eltsenien der aansen echt klear foar is, as we wer los meie. We hawwe it plak, dus kom mar."