Ite fan 'in stikje Ljouwert': beammen wurde buorrelplankjes

In bedriuw yn Britsum spoart kapte beammen op om it hout in nije bestimming te jaan. Op de plankjes stiet wêr't de beammen stien hawwe.
Der wurde in soad beammen kapt yn Ljouwert. Dochs al gau hûnderten, neffens Ithran de la Rie fan Stadshout Leeuwarden.
De beammen giene oant no ta de fersnipperer yn omdat dat goedkeaper wie. Skande fan dat skoandere hout, fûnen se by it bedriuw yn Britsum. Se ferwurkje de beammen no ta plankjes dêr't hapkes by in slokje op servearre wurde kinne of dêr't op snijd wurde kin.
Op de plankjes komt in saneamd 'beampaspoart' te stean. Dêr is op te sjen watfoar houtsoart oft it is en wêr't de beam stien hat.