Primeur foar Baard: it doarp hellet it Sweedske Trim-Bingo nei Nederlân

De lokale aktiviteitekommisje fan it doarp Baard hat sels in spul út Sweden ymportearre om dochs wat foar en yn it doarp te organisearjen mei alle coronabeheinings dy't der binne. It hjit Trim-Bingo.
Dêrby giest mei in bingo-briefke op ferskate plakken yn it doarp by boarden del mei dêrop nûmers en fitnessoefeningen.
"Yn it begjin hawwe wy earst neat dwaan kinnen. Wy hawwe in hiel soad neitocht oer hokker saken noch mooglik binne yn dizze lestige tiden", seit foarsitter Jan Reitsma fan de aktiviteitekommisje.

Unyk

"De iene nei de oare online bingo en pubkwis fleach dy om 'e earen. En wy wolle dochs unyk wêze as kommisje. Doe binne wy begûn te brainstoarmen. Ferline jier hawwe in 'GanzenBaard' in soarte 'ganzenbord' op 'e merk brocht. En no binne wy mei de Skandinavyske Baarder Trim-Bingo begûn."
In grut part fan dy kommisje hat in soad mei Sweden en hat de produsint fan it spul dêr opsocht. It spul is noch noait earder yn Nederlân spile.
It spul is fansels bedoeld foar de ynwenners fan Baard, mar ek minsken bûten it doarp binne útnûge om in bingokaartsje te keapjen. Omdat it twa wiken lang, bûten, spile wurde kin, is it behoarlik coronaproof. It sosjale elemint is net hielendal fuort, fynt earste dielnimmer Marijn Meijberg: "Je rinne wol troch it doarp hinne. Dus je kinne oaren tsjin komme."
Baard hellet Sweedsk spul nei Nederlân