Leonie Bentveld wint wrâldbeker fjildriden nei besmetting klassemintslieder

De 17-jierrige Leonie Bentveld fan Burgum hat yn Frankryk it bekerklassemint yn it fjildriden foar junioaren wûn. Se sleepte de winst binnen wylst de klassemintslieder thús siet mei in coronabesmetting.
© Team Leonie Beltveld
Harkje nei Leonie Bentveld
Bentveld moast djip gean yn Frankryk. Allinne it earste plak wie genôch foar de winst yn it algemien klassemint.
Alles kaam del op de lêste ronde. Dêr waard de wedstriid - en it klassemint - beslikke. Bentveld wie krekt wat sterker as de Italiaanske Valentina Corvi.
Troch de oerwinning bliuwt Bentveld 10 punten foar op Zoe Bäckstedt, dy't oant no ta oan de lieding gie yn it klassemint. Bäckstedt wie der net by yn Frankryk, omdat se earder posityf test is op it coronafirus.
Bentveld giet nije wike nei Amearika. Ein jannewaris docht se dêr mei oan it WK yn Arkansas.