Berdien Bies: "Manlju wolle witte hoe't seks is mei ien yn in rolstoel"

Hoe is it foar in jonge frou mei in lichaamlike beheining om te daten en de leafde te finen? Berdien Bies (1986) fan It Hearrenfean skriuwt der yn har roman Help. Ik leef! De verlangens en fantasieën van een jonge dame in een rolstoel iepenhertich en sûnder sjêne oer.
Berdien Bies © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
"Manlju freegje hiel faak: "Hoe is it om seks mei dy te hawwen?" Dêr binne se altyd sa nijsgjirrich nei. En no kin ik sizze: lês myn boek mar, dêr stiet hiel goed yn beskreaun hoe't it is om seks te hawwen mei ien mei in handicap", seit Bies.
Yn de roman lit haadpersoan Karin sjen hoe't it foar in in jonge frou mei in spiersykte is om manlju te moetsjen en yntym mei se te wêzen. "Yn de roman sitte in soad autobiografyske eleminten. Krekt lykas Karin haw ik in progressive spiersykte," fertelt Berdien, dy't yn in elektryske rolstoel sit.

Vijftig tinten grijs mei in handicap

Op har achtste krige sy in hertoanfal en kaam sy oan de beäzeming. "Doe't ik oan it boek begûn, wie ik fan doel om in soarte fan Vijftig tinten grijs mei in handicap te skriuwen. It earste diel giet oer 'myn master' dy't my fêstbynt, mar dat is net echt bard. Dat wie mear in fantasy fan my. Yn it boek komt ek wol nei foaren wêrom om't ik socht nei in dominante man, dy't de toutsjes yn hannen nimt."
Hij klimt van mijn rolstoel af en pakt mijn tillift. "Ik heb echt zin in jou, dame." Ik word vastgeklikt aan de tillift en word omhoog gehesen. Daar hang ik in de lucht en hang met mijn hoofd achterover. "Hè lieverd, ga eens met je been over mijn hoofd."
Fragmint út 'Help. Ik leef!', side 152.
"Ik kin myn handicap en myn rolstoel net ferbergje foar manlju. Ik bin der ek hiel earlik oer as ik online mei in man date. Minsken witte wêr't sy oan begjinne. As sy delkomme, besykje ik altyd sa nochter mooglik oer te kommen en mar in grapke te meitsjen om it iis te brekken. En dan kinne je der wer in leuke dei fan meitsje."

Humor om it iis te brekken

Ek yn de roman is humor in wichtich helpmiddel om yn kontakt te kommen mei nije minsken. Yn it boek komme útinoarrinnende seks- en leafdespartners foarby.
"Hiel faak besykje manlju dochs om gewoan mei dy nei bêd te gean en ik fûn dat sels ek leuk, mar it is wol hiel lestich om mei ien te daten mei ien dy't dy sjocht as persoan."
Berdien hat wol langere relaasjes hân, mar op it stuit is sy sûnder relaasje.

Wylder libben efter de rêch

Berdien skreau de ôfrûne acht jier oan it boek. It giet oer in perioade fan har 'jongere jierren', dy't sy yn har optyk no ôfsletten hat. "Ik hie doe in folle wylder libben. Wy sieten faak oan de bearenburch en ik hie seks mei ferskillende manlju. Ik bin no rêstiger. Doe't ik wat jonger wie, doe hie ik fulltime wol nocht yn seks, mar dat kaam ek om't ik wol frustrearre wie. Ik koe net efkes lekker sporte of my útlibje en de iennichste opsje wie foar my seks."
Mar foar't dat safier is, binne der hiel wat hannelingen nedich. "Ik moat út in rolstoel helle wurde mei in tillift en dan moat ik dy persoan fertelle hoe't dat allegear wurket. It kostet in hiel soad tiid foar't wy seks hawwe kinne. It is in lang, mar foaral ek saai foarspul", laket Berdien.
Troch myn spiersykte kin ik mysels net befredigje. Ik haw wolris in gigolo útnûge om my te helpen, mar dat wie echt in oanfluiting.
Berdien Bies
Troch har spiersykte is it foar Berdien net mooglik om harsels te befredigjen. "Ik haw dus altyd ien nedich dy't dat foar my docht. Ik haw wolris tocht: dan moat ik mar in gigolo útnûgje om te helpen, mar dat wie echt in oanfluiting. Dat stiet ek yn it boek beskreaun: it like krekt as siet ik yn in pornofilm. Mar je binne wol bot oan tiid bûn en dat is ek net ûntspannen. Boppedat woe hy my min of mear neaken efterlitte. Doe sei er: o, hoort aankleden er ook bij?"

Ut de taboesfear: der makliker oer prate

Berdien seit: "Seks is tink ik in taboe foar in soad minsken, en dat jildt ek foar minsken mei in beheining. Ek minsken mei in handicap hawwe seksueel ferlet en seksuele langstmen. Ik hoopje mei dit boek dat minsken wat makliker oer dit tema prate. Ik haw hjir wol altyd hiel iepen west en ik hoopje dat mear minsken dat ek dwaan sille troch dit boek."
Berdien Bies yn petear mei ferslachjouwer Froukje Sijtsma
Yn de roman is ûnder oaren te lêzen dat de haadpersoan yn ferwachting rekket en in dochterke krijt. "Dat is wier bard. Ik haw no in dochter fan fjouwer jier. Dat wie fansels hiel swier. Foar myn lichem, mar ek om't ik it famke sels net grutbringe kin. Myn famylje stie ek net efter it swierwêzen. Myn dochter groeit dêrom op yn in pleechhúshâlden. Ik sjoch har alle tongersdeis en sy neamt my ek 'mem'."

Nij boek yn de pinne

Berdien is it alwer oan it skriuwen oan in folgjend boek. "Dat giet oer it yn ferwachting wêzen en it mem wurden." Wat de leafde oanbelanget wit Berdien wat sy nedich hat. "Ik sykje gewoan in man by wa't ik alles kwyt kin, mei wa't ik lekker frije kin. Gewoan in relaasje."
Programmamakker Simone Scheffer makke yn 2014 de dokumintêre 'Beheind yn de Beheining' oer Berdien Bies en har freondinne Ymkje Ytsma.