Oanhingweinen flink ferkocht: "Mar safolle sitte net oan dy kant fan de streek"

Richard van der Werf fan Jelsum hat noch nea safolle oanhingweinen ferkocht as ferline jier. Dêryn is de ferkeaper net allinne, want de grutte fraach nei oanhingweinen hat alles te krijen mei corona. "Dêrtroch is it gefoel foar my wol hiel dûbeld."
© ANP
Yn 2021 binne der lanlik goed 27.000 oanhingweinen ferkocht en dat is it grutste oantal yn in jier ea, sa hat brânsjorganisaasje BOVAG witte litten. It gie om 13 persint mear yn ferliking mei in jier earder.
It bedriuw Titan Aanhangwagens yn Jelsum merkt de trend ek dúdlik, seit Van der Werf. Hy is mei-eigener fan it famyljebedriuw, dat spesjalisearre is yn de ferkeap en ferhier fan oanhingweinen.
© Titan Aanhangwagens
"It wie in hiel bysûnder jier troch it coronafirus", seit Van der Werf. "It hie sa'n soad gefolgen foar it riden en farren fan ús produksje en hannel. Yn positive sin. Wy hawwe noch nea earder yn sa'n situaasje sitten. Wy hawwe wykeinen hân dat wy hjir gjin karre mear hiene. Alles wie fuort. Eltsenien wie oan it opromjen, like it wol."

Huzen en tunen oanpakt

Van der Werf wiist ek op de coronakrisis as ferklearring fan it grutte ferlet. "Troch corona is it reizgjen fan minsken beheind: sy geane net op fakânsje en bliuwe tichter by hûs. Sy meitsje fan de mooglikheid gebrûk om de tún om te smiten of it hûs te ferbouwen. De minsken dy't dêr foar nedich binne, dy binne faak ek klant by ús: hoveniers, strjitlizzers, boufakkers, skilders."
Ek de lytsere hûs-tún-en-keuken-oanhingweintsjes wurde in soad ôfset, partikulieren brûke it benammen om guod nei it stoart te bringen.
Ik fyn it wol pynlik om te sjen dat der safolle mei-ûndernimmers binne dy't oan de oare kant fan de streek bedarje.
Richard van der Werf
Hoe moai it ek is dat Van der Werf it drok hat: "It gefoel by dit jier is hiel dûbeld", seit hy. "Wy binne bliid dat wy oan de goeie kant fan de streek sitte. Mar ik fyn it wol pynlik om te sjen dat der safolle mei-ûndernimmers binne dy't oan de oare kant fan de streek bedarje", fersuchter er.
Richard van der Werf van Titan
"Dêrom bin ik ek net yn in hosanna-stimming", seit Van der Werf. "Je sjogge alle dagen wol de winkels en restaurants dy't ticht binne. Dêr haw ik wol muoite mei."

Wenne oan it ferlet

Foar it Jelsumer bedriuw wie de tanimming ek wol wennen. "Gewoanwei wurken wy altyd sa'n wike as seis oant acht yn 't foarút. Mar it gie allegearre sa fluch dat wy ynienen miskien wol fjouwert oant seis moannen foarút wurkje moasten. Je sjogge oeral lange levertiden. It is dreech om oan materiaal te kommen, dat faak op oanhingweinen ferfierd wurde moat."