Flyers fleane nei finale yn beker troch winst op Geleen

De UNIS Flyers binne finalist yn de bekerkompetysje fan it iishockey, no't se yn de heale finale twa kear wûn ha fan de tsjinstanners út Geleen.
Sjoch hjir nei in gearfetting fan de wedstiid:
De wedstriid soe eins al yn oktober spile wurde, mar dat koe doe net trochgean omdat der sprake wie fan ien of mear coronabesmettingen yn de seleksje fan Geleen.
De heale finale yn de bekerkompetysje wurdt spile yn in 'best-of-three'-searje. UNIS Flyers wûn de easte wedstriid yn Geleen mei 2-1, nei penaltys.
© Dijks Fotografie
By de wedstriid fan no kamen de Flyers goed út de start. Nei de earste perioade hiene de Friezen al in 2-0 foarsprong, troch in prachtich doelpunt fan Riku Pitkänen en in powerplay-goal fan Trevor Hunt.

Flyers op foarsprong

Nei de twadde perioade hiene de Flyers al in foarsprong fan 4-1, troch doelpunten fan Jasper Nordemann en Kevin Nijland. It doelpunt foar Geleen kaam op namme fan Lukasz Bartak.
Yn de tredde en lêste perioade wie it opnij Jasper Nordemann dy't skoarde. Hy sette de stân op 5-1. Dêrmei binne de Flyers wis fan de bekerfinale. Dy is snein 13 febrewaris yn Den Haag, tsjin HIJS Hokij Den Haag.
Martijn Oosterwijk en Niels van der Vossen: