Hearrenfean begjint 2022 mei nederlaach nei flater doelman Mous

sc Hearrenfean hat de earste kompetysjewedstriid fan 2022 ferlern. Op besite by FC Twente waard it 2-0.
Xavier Mous © ANP
By de Friezen makke Anas Tahiri syn offisjele debút yn it pompeblêdeshirt. De middenfjilder waard yn de winterstop helle as opfolger fan Joey Veerman, dy't ferkocht waard oan PSV.
Opstelling FC Twente: Unnerstall; Troupee, Hilgers, Pröpper (43' Pleguezuelo), Oosterwolde (90+1' Smal); Bosch, Staring; Misidjan (73' Cleonise), Vlap (73' Ugalde), Limnios (90+1' Rots); Van Wolfswinkel.
Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Van Beek, Bakker (82' Nygren), Kaib; Kongolo, Halilovic, Tahiri (77' Dresevic); Musaba, De Jong (70' Veerman), Stevanovic (70' Al Hajj).
De wedstriid hie gjin spetterjend begjin. Net as earder as yn de 25e minút foel de earste kâns te notearjen. In foarset fan Anthony Musaba kaam foar de fuotten fan Rami Kabi, mar FC Twente-doelman Lars Unnerstall tikte syn skot oer de goal.
Tsien minuten letter folge it earste gefaar fan de thúsploech doe't Limnios oanlizze koe nei in counter fia Michel Vlap, mar syn ynset gie krekt njonken it doel.
Krekt foar it skoft liet Mous noch efkes sjen wêrom't hy no de fêste man is ûnder de latte. Ricky van Wolfswinkel poeiere de bal rjochting goal, mar Mous koe mei in kateftige refleks rêding bringe.

Flaters

De twadde helte like kwa kânse-earmoede op de earste. Flak nei it skoft krige Stevanovic wol noch twa aardige kânsen troch flaters yn de Twintske ferdigening, mar dy koe er net ôfstraffe.
Dat ôfstraffen fan flaters die Twente yn de 78e minút wol, doe't Mous him fan syn minste kant sjen liet. De keeper koe in weromspylbal net goed ferwurkje. De oanname fan de doelman kaam samar yn de fuotten fan ynfaller Manfred Ugalde telâne, dy't ienfâldich ynsjitte koe: 1-0.

Strafskop

Yn de 87e minút waard de wedstriid fan de penaltystip ôf beslist troch Van Wolfswinkel. Hy krige dat bûtenkânske nei in oertrêding fan Milan van Ewijk. Dêrmei wie de einstân 2-0.
De Friezen steane no mei 25 punten út njoggentjin wedstriden op it tsiende plak yn de earedivyzje.