Bakker profitearret fan ôfwêzichheid Schouten mei winst op It Hearrenfean

Bianca Bakker fan Wynjewâld hat sneontejûn de njoggende wedstriid yn de KNSB Maraton Cup wûn. Yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean wie de Friezinne de rapste yn de massasprint.
Bianca Bakker wûn foar it earst in wedstriid op keunstiis:
Toppers as Irene Schouten en Marijke Groenewoud stiene yn Thialf út foarsoarch net oan de start. De twa froulju ride kommende moanne op de Olympyske Spelen en woene fanwege it coronafirus gjin risiko nimme.

Mislearre ûntsnappingen

Ferskate froulju besochten út it peloton wei te kommen, mar gjin inkelde ûntsnapping slagge. Dêrtroch kaam it úteinlik oan op in massasprint. Bakker skreau dy op har namme en pakte dêrmei foar it earst yn har karriêre in oerwinning op keunstiis. It twadde plak wie foar Paulien Verhaar en Ineke Dedden waard tredde.

Coronabesmettingen

Ek by de manlju stie der in peloton oan de start sûnder in tal grutte nammen. De ploech fan Jumbo-Visma die net mei fanwege ien of mear coronabesmettingen binnen de ploech. Dêrtroch wie ek Sven Kramer, dy't in wildcard krigen hie, net oan de start. Ek Jorrit Bergsma liet de maraton út foarsoarch oan him foarbygean.
De winst gie úteinlik nei Crispijn Ariëns. Hy pakte mei tsien oare manlju al betiid yn de wedstriid in ronde foarsprong. Daan Gelling waard twadde en it tredde plak gie nei Jeroen Janissen. Ids Bouma fan Aldehaske wie op it sechtjinde plak de beste Fries.