RIVM telt 832 besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 832 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Dat binne minder as freed, doe waarden 1.015 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 831 besmettingen meld yn Fryslân. Freed lei dat trochsneed op 803 besmettingen, in wike lyn op 679.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen, Ljouwert en Tytsjerksteradiel.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 31.963. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 31.774.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.