Mees Hoedemakers rekket blessearre en mist Sparta-thús

SC Cambuur kin snein gjin berop dwaan op Mees Hoedemakers. De middenfjilder is op de lêste training blessearre útfallen en mist it duel mei Sparta Rotterdam.
© Orange Pictures
Hoedemakers hat by in botsing lêst fan syn ankel krigen, neffens assistint-trainer Pascal Bosschaart. Dyselde blessuere hold him ein foarich jier ek oan de kant yn it duel mei Vitesse.
Bosschaart hâldt noch in lytse slach om 'e earm oer de ynsetberens fan Hoedemakers snein. "Maar dan ben ik heel optimistisch. Misschien moet hij nog even heen en weer naar Lourdes", seit Bosschaart mei in knypeach.

It betsjut dat de technyske stêf puzelje moat op it middenfjild, want ek Jasper ter Heide is der tsjin Sparta net by. Ter Heide spilet op deselde posysje as Hoedemakers en soe him as ferdigenjende middenfjilder ferfange kinne.

No sil Mitchel Paulissen nei alle gedachten op dat plak spylje, wêrtroch't Robin Maulun in basisplak krijt as oanfallende middenfjilder.