Fan Makkum oant Aldebiltsyl: hoarekasaken sneon út protest iepen

15 jan 2022 - 11:01

Tal fan hoarekasaken yn Fryslân dogge sneon mei oan in lanlike protestaksje tsjin de coronamaatregels fan it kabinet. It giet net allinne om kafees en restaurants yn de grutte plakken, ek ûndernimmers yn lytse plakken dogge mei.

Foto: ANP

Sa iepenet ytkafee De Famkes yn Eastrum de doarren om 16.00 oere. "Dit beleid is niet meer uit te leggen", skriuwt de saak op sosjale media. De eigeners hjitte besikers fan herte wolkom, mar freegje har wol om har oan de basismaatregels foar de feiligens te hâlden.

Kafee-restaurant De Zwaan yn Makkum is fan 11.00 oere ôf al iepen. "We kunnen als sector zo niet langer door; de ongelijkheid in de versoepelingen moet stoppen. De enige optie: de horeca moet, wil én kan verantwoord open", sa fine de minsken efter de saak. Ek hjir wurdt rekken holden mei de coronaregels en dus ek mei de QR-koade.

Aksje foar ien kear

Restaurant It Stee yn Surhústerfean wie der betiid by en iepene om 09.30 de doarren al. "Wij weten dat de horeca niet open mag. Daarom zal het ook bij een eenmalige actie blijven. Wij hopen door deze actie het kabinet wakker te schudden zodat we gauw weer open mogen."

Fiskje of buorrel: "Genôch is genôch"

Kollumers kinne sneon nettsjinsteande it kabinetsbelied fisk helje by 't Kollumer Fiskje oan de Foarstrjitte. "Het is genoeg geweest", jout men oan. Brownies&DownieS op It Hearrenfean skriuwt op sosjale media ek mei te dwaan oan de aksje. "Wat worden wij hier verdrietig en moedeloos van", jouwe sy oan nei de parsekonferinsje fan freed.

Het Tolhuis op De Jouwer nûget minsken út foar in buorrel of in tompouce. "We kunnen niet begrijpen dat wij als horeca wederom dicht moeten blijven... Daarom zijn wij gewoon geopend zolang dat gedoogd wordt." It ytkafee wurket wol mei in oanpaste kaart, om't de foarried troch de krisis beheind is.

De aksje bliuwt net beheind ta ien gemeente, sa geane ek yn Aldebiltsyl, Ljouwert, Kollumersweach, Marsum, Drachten en Starum saken iepen.

De earste gasten fan restaurant Thús yn Drachten - Foto: Remco de Vries/Omrop Fryslân

Yn Drachten binne de measte saken iepen oant fiif oere ta. It is in demonstraasje wêrfan sy hope dat de gemeente dy talit. De aksjes yn Valkenburg yn it suden fan it lân tsjinje dêrby as foarbyld.

De need is heech. Ek by de eigeners fan restaurant Thús. Dy binne bygelyks no twa jier iepen, mar fierwei it grutste part dêrfan koene sy neat. En sy krije ek gjin stipe. Sy nimme hjoed de coronaregels yn acht fan foar de lêste lockdown.

"Net mear mei de hân onmheech"

Nei dizze demonstraasje wachtsje sy gewoan ôf oft sy oer 10 dagen wer iepen kinne. "Wy wolle wer wat dwaan. Net mear mei de hân omheech, mar fertsjinje", seit Hylke van der Werf fan Thús.

(Advertinsje)
(Advertinsje)