Direkteur Fries Museum furieus oer it wér ticht bliuwen: "Onbetrouwbare overheid"

15 jan 2022 - 09:37

Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum is poerrazend op it kabinet, dat foar de safolste kear musea net iepenje lit. "De nationale overheid heeft nog nóóit een goed argument gehad om culturele organisaties te sluiten."

Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum - Foto: Omrop Fryslân

De wurkwize fan de oerheid is neffens Callens net goed. "De overheid moet niet motiveren waarom dingen open gaan, maar waarom dingen gesloten blijven." It museum akseptearret in oerheid dy't maatregels treft en slutingen ôfkundiget, mar it moat dan wol mei in goede ûnderbouwing.

'Arguminten fan it kabinet doge net'

"Ze geven twee argumenten, maar die deugen niet", sa fynt Callens. "De eerste is dat musea zorgen voor verplaatsing en daardoor voor besmettingen. Dat eerste is waar: mensen verplaatsen zich naar musea. Maar er is nog geen enkele besmetting herleidbaar geweest naar een verplaatsing van of naar culturele organisaties."

It Fries Museum - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It twadde argumint soe wêze dat it kabinet net hieltyd saken iepenje en slute wol. "Maar anders dan in het buitenland sluiten ze voortdurend musea. Als ze die net als in onze buurlanden altijd open hadden gehouden, had je dat jojo-beleid niet gehad."

Wij zijn misschien te laks geweest in het accepteren van een onbetrouwbare overheid.

Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum

Neffens Callens draait it der om dat hy in betroubere oerheid wol. "Wij zijn misschien te laks geweest in het accepteren van een onbetrouwbare overheid. Maar wij gaan nu kijken wat we via de politiek kunnen doen, en als nodig wat we via de rechter kunnen."

Foar no hat it museum belang by goede relaasjes mei de polityk en de lokale bestjoerders dy't oer de hanthavening geane. "Het heeft geen zin om dat op korte termijn te verstoren. Maar we gaan wel de krachten bundelen om besluiten te krijgen die op goede gronden zijn gebaseerd."

Prinsipekwestje: fitamine C

It is foar it Fries Museum in prinsipekwestje. "Het mooie is dat cultuur van iedereen is. Wij doen dit niet voor onszelf, maar voor de miljoenen Nederlanders die snakken naar cultuur. Die de vitamine C van cultuur nodig hebben."

Wêrom yn België wol, mar hjir net?

"Dit is de zoveelste keer dat de nationale regering geen deugdelijk beleid voert", is Callens fan betinken. Hy snapt net dat yn België en Dútslân musea wol iepen bleaune en dat yn Nederlân net mei.

Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum

Dêryn is Callens net de iennige. Ek kommissaris fan de Kening Arno Brok joech al oan dat echt net te begripen. "Wêrom kin der net mei tiidsslotten wurke wurde yn in museum?", frege Brok him ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)