Jonge kampioen 'gjin ferrassing' op keuring: bier stie al kâld

16 jan 2022 - 19:30

It kaam net hielendal as in ferrassing dat Herre 524 kampioen waard by de hynstekeuring, seit stâlhâlder Tsjalling de Boer. "Ik hie de eigener al efkes appt: set it bier mar kâld, want it koe wolris heve!"

Sjoch hjir nei de reaksje fan de winnende stâlhâlder:

Herre 524 is algemien kampioen wurden by de Fryske hynstekeuring. Dat is de wichtichste titel dy't in Frysk hynder winne kin. "Dit is super", seit De Boer. "In dikke opstekker."

'Hylpen giet hielendal los'

De eigeners fan Herre wiene net yn Harich, mar thús yn Hylpen, omdat der fanwege de coronaregels mar in beheind oantal minsken by de keuring wêze mocht.

De Boer hat wol kontakt mei se hân. "Dy giene hielendal los. Se witte fan gekkichheid net wat se dwaan moatte. Dy binne hiel bliid fansels."

By de foarlêste omloop wie der noch wol in probleem mei it materiaal. De ketting gie stikken.

Sa komt Herre 524 even yn de problemen:

"Aldergeloks wist er sels de útgong te finen", seit De Boer. "In nij kettinkje deroan, en we koene fierder."

No is it saak om it dekseizoen goed troch te kommen, seit De Boer. "Dat is it wichtichste. It hynder goed sûn hâlde."

'Ik wol net skrieme'

It hynder Jehannes 484 fan Age Okkema waard reservekampioen. "It wie hurd wurkjen, mar we kinne tefreden wêze."

"Ik wist dat it goeie kaarten yn hannen hie, mar de sjuery beslist wa't de alderbêste is. It is in goeie kollega fan ús. En ik ha de yndruk dat se it moai fine dat der wer in oar stiet. Mar ik bin bliid dat ik Jehannes jûn wer mei nei hûs ta nim."

Sjoch hjir nei de reaksje fan Age Okkema:

As we freegje nei de takomst fan Jehannes, tinkt Okkema werom oan syn earste hynst, Tsjalle 454.

Doe't dy kampioen waard, sei Okkema dat er noait fuortgean soe. "It wie gjin leagen, want dat gefoel hie ik echt", seit Okkema no. Mar Tsjalle is ferkocht.

"Dêr moat ik net te bot oer neitinke", seit Okkema. "Ik wol net skrieme. It docht my tefolle."

'It wie myn maat'

"Ik ha it der wol dreech mei", seit Okkema. "It wie myn maat. Dat hynder hat ús op de kaart set." No rint Tsjalle yn Kanada.

"Der binne allegearre belangen. Je hawwe mei oare eigeners te krijen, en mei it bedriuw. Ynvestearringen. De sûnens fan it hynder: hy wie 14."

"En it gunnen. Dêr yn Amearika hiene se safolle fan ien bepaald bloed. Hy kin dêr safolle dwaan. En as ik dan sjoch hoe bliid oft er dêr is, mei syn maat Thorben, dan docht my dat ek wol goed. Mar ik kin dêr net te bot nei sjen. Dat rekket my."

Age Okkema mei Tsjalle 454 - Foto: ANP

It betsjut net dat Jehannes hjir bliuwt, seit Okkema. "We binne ûndernimmers, en we moatte der fan libje. Je moatte soms de keuzes mei it ferstân meitsje, en net mei it hert. Want as ik myn hert folge hie, hie Tsjalle hjir noch stien."

(Advertinsje)
(Advertinsje)