Liveblog | 15 jannewaris 2022

Coronanijs fan 15 jannewaris: Drokte yn winkels | Dokkumer hoareka feroaret yn bordeel

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • It is sa drok by it winkelpark De Centrale yn Ljouwert, dat de gemeente minsken opropt dêr hjoed net mear hinne te gean;
  • Rûnom yn de provinsje binne meardere hoarekasaken iepen, ek al is dat neffens de coronaregels net tastien;
  • It kabinet hat freed nije coronaregels oankundige: Wy ha der in oersjoch fan makke;
  • Der binne sneon 832 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 15 jannewaris 2022, 22:16
22:09

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Moarn binne we der wer!
19:27

Hoareka-eigeners yn Dokkum bouwe saak om ta bordeel om dochs iepen te kinnen

As de saak net as kafee of restaurant iepen mei, dan mar as bordeel. Under de neamer 'Red Light District Dokkum' hienen in achttal hoarekasaken yn Dokkum sneon oant fiif oere harren doarren iepen.
Sape Woudman fan Hotel Café Restaurant 't Raedhus: "It is hiel skeef en eins net út te lizzen dat wy ticht moatte en dat sekswurkers wol harren wurk dwaan meie."
© Koos Scherjon
18:20

Maratonploech Jumbo net oan de start

De maratonploech fan Jumbo-Visma stiet jûn net oan de start fan de KNSB Maraton Cup op It Hearrenfean. De ploech hat te krijen mei ien of meardere coronabesmettingen. Ek Sven Kramer soe meidwaan oan dy wedstriid, mar fanwegen de besmettingen yn syn ploech is hy der dus net by.
Marijke Groenewoud en Jorrit Bergsma, dy't kommende moanne nei de Olympyske Spelen sille, litte de wedstriid út foarsoarch ek oan harren foarbygean.
17:20

Mearderheid wol mear ferrommingen fan de maatregels

Drokte yn Ljouwert nei de weriepening fan de winkels © Anton Kappers
Minsken binne bliid mei de ferrommingen fan de coronamaatregels, mar út in peiling fan EenVandaag docht bliken dat 62 persint noch mear ferrommingen wol. De hoareka en de kulturele sektor moatte ek iepen. Dat docht bliken út de peiling, dy't nei de parsekonferinsje holden waard, ûnder sa'n 20.000 minsken.
Minsken ha boppedat hieltyd minder noed oer it coronafirus: op it stuit makket noch 47 persint him dêr soargen oer.
15:36

Grutte drokte by winkelpark De Centrale; gemeente Ljouwert ropt op om net mear te kommen

It is no sa drok by it winkelpark De Centrale yn Ljouwert, dat de gemeente minsken opropt dêr hjoed net mear hinne te gean. De gemeente meldt dat der files steane yn de omjouwing fan it winkelpark.
Yn it winkelpark binne likernôch 20 winkels iepen. By de Leen Bakker is sneontemiddei it gebou ûntromme om't der in gaslucht yn de winkel hingje soe. Meiwurkers fan de ynterieurwinkel ha de brânwacht belle en it winkelpublyk nei bûten stjoerd.
© Anton Kappers
Op oare plakken yn Nederlân liket it foarearst minder drok te wêzen.
15:30

832 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 832 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Dat binne minder as freed, doe waarden 1.015 besmettingen meld. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 831 besmettingen meld yn Fryslân.
De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Der is yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne wol trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen, Ljouwert en Tytsjerksteradiel.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 31.963. It binne der 3526 minder as juster. It trochsneed tal besmettingen de dei is yn de ôfrûne sân dagen mei 37 omheech gien.