Friesch Paarden-Stamboek is der klear foar: trije dekhynsten de oseaan oer

It is sneon dé grutte dei foar elke hynsteleafhawwer: de finaledei fan de hynstekeuring yn Harich. "Wy binne der klear foar", seit direkteur Marijke Akkerman fan Keninklike Feriening Het Friesch Paarden-Stamboek.
Direkteur Marijke Akkerman fan Keninklike Feriening Het Friesch Paarden-Stamboek (KFPS) © Omrop Fryslân
It wurdt op 'e nij in edysje sûnder minsken op de tribune. "It is makliker om te organisearjen, mar wy fine it wol ferskriklik spitich dat der gjin publyk by is", seit Akkerman. "It jout in hiel oare sfear, it is hiel oars. Mar ja, it kin net oars. Ik sjoch it meast út nei de kampioenskeuring, dat is wol de klimaks."

Trije dekhynsten foar de oerstek

Bysûnder nijs is dat der dit jier trije dekhynsten tagelyk de oseaan oer geane. Dedmer 519 fan Sint-Jânsgea giet nei Meksiko, Erryt 488 fan Kollumersweach giet nei Teksas en ek Wylster 463 giet nei Amearika.
De Hynstekeuring op argyfbyld © Omrop Fryslân
"Der wurdt wol oer praat", seit Akkerman. "It is benammen tafallich dat sy no mei trije tagelyk geane. Wol mei ferskate eigeners, mar it bliuwt bysûnder. De fokkerij is dêr yn trek." Neffens Akkerman is der flink wat animo út it bûtenlân wei.

Erryt noch yn aksje

Fan de trije is allinne Erryt te sjen mei de keuring. "Dedmer stiet yn karantêne, Wylster is al ûnderweis en Erryt giet sneontejûn yn karantêne, dus dy komt noch wol yn aksje op de keuring."
Direkteur Marijke Akkerman fan it KFPS
Benammen de ferkeap nei Meksiko is unyk. "It is foar it earst dat der yn Meksiko in leafhawwer in goedkarde dekhynst kocht hat. It is dêr de earste dekhynst dy't echt by ús ynskreaun is, mei in nûmer."