Froulju Hearrenfean begjinne 2022 mei doelpuntleas lykspul

14 jan 2022 - 21:30

De froulju fan sc Hearrenfean hawwe freed mei 0-0 lyk spile tsjin VV Alkmaar. It wie de earste wedstriid fan de froulju nei it winterskoft.

Foto: Orange Pictures

Yn de earste helte wie Hearrenfean de bettere ploech. De Friezen setten heech druk en krigen ek in pear goede kânsen. Chimera Ripa wie it tichtst by in doelpunt: sy rekke de latte.

Nei it skoft wie Alkmaar wat better. Dionne van der Wal brocht in pear kear goed rêding. Sa bleau it 0-0.

Troch it lykspul bliuwt Hearrenfean foarlêste. De ploech hat 11 punten nei 13 wedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)