Dit binne de nije maatregels tsjin it coronafirus

14 jan 2022 - 22:47

Op de parsekonferinsje fan freed hawwe premier Mark Rutte en minister fan Folkssûnens Ernst Kuipers ferrommings bekendmakke.

Foto: ANP

We sette de nije maatregels hjirûnder op in rychje. De regels jilde fan sneon ôf.

Underwiis

De mbû's, hbû's en universiteiten meie fan 10 jannewaris ôf wer iepen. Fysyk ûnderwiis is dus foar eltsenien wer mooglik.

Sport en kultuer

Alle sportaktiviteiten en de beoefening fan keunst- en kultuer (tink hjirby oan saken as muzyk, toaniel en dûns) kinne wer. Dat jildt foar binnen- en bûtendoars. Hjirby is publyk net wolkom.

Sportwedstriden kinne binnen de eigen klup. By sport en kultuer binnendoar moatte minsken fan 18 jier ôf in coronatagongsbewiis sjen litte.

Winkelje

Winkels meie harren doarren wer iepenje oant 17.00 oere. Minsken moatte wol oardel meter ôfstân hâlde. Dêrnjonken moatte se in mûlkapke op. Ek minsken mei in kontaktberop kinne wer los. Sa sille ûnder oare kappers en neilstudio's wer iepen.

Essinsjele winkels binne iepen oant 20.00 oere. Dy slutingstiid jildt net foar bygelyks aptekers.

Besite

Fan sneon ôf meie minsken thús wer fjouwer minsken fan 13 jier en âlder de dei ûntfange. Dat wienen der twa. It advys is wol om mar by ien húshâlden de dei op besite te gean.

Karantêne en mûlkapkes

De regels foar karantêne en mûlkapkes feroarje ek. Minsken moatte tenei in medysk mûlkapke op, gjin stoffen mûlkapkes mear. Der wurdt advisearre om de kapkes oeral op te dwaan dêr't gjin oardel meter ôfstân holden wurdt.

Fierder hoege minsken dy't in boosterprik krigen ha net mear yn karantêne as se yn kontakt west binne mei immen dy't besmet wie mei it coronafirus. Dit jildt ek foar minsken dy't yn 2022 alris corona hân hawwe. Dit jildt net foar minsken dy't klachten hawwe, dan moatte se harren teste litte.

De hoareka, bioskopen, musea en teäters bliuwe foarearst ticht. Ek eveneminten kinne noch net trochgean.

Trefwurden: 
maatregels coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)