Basisplak foar nijkommer Joosten by Cambuur by ferfetting earedivyzje

14 jan 2022 - 16:52

Cambuur begjint fris en fit oan de twadde seizoenshelte. Haadtrainer Henk de Jong is der ek wer by. Hy sil yn de kommende wiken syn wurk stadichoan wer útwreidzje.

Pascal Bosschaart is bliid dat Henk de Jong der wer is

Assistint Pascal Bosschaart docht noch de petearen mei de parse. Hy is bliid dat De Jong der wer by is: "Ja dat is superfijn. Henk deed op de achtergrond nog wel wat dingen maar hij kan er nu ook fysiek weer bij zijn. Dat is niet alleen heel mooi voor Henk, maar voor heel Cambuur."

Joosten kin fuort spylje

De seleksje fan Cambuur stiet der goed foar. Sambissa en Kallon binne der net. Sy spylje de Africa Cup. Marco Tol komt werom fan karantêne, mar liket wol fit te wêzen. Foar de rest binne der gjin problemen. Bosschaart: "Ja, de selectie staat er goed op. Ik denk dat we heel fit zijn. Ze geven iedere training honderd procent en dan ben je ook fit."

Cambuur hat twa spilers oan de seleksje taheakke. Ferdigener Sekou Sylla kaam oer fan TOP Oss. Hy wurdt sjoen as de takomstige opfolger fan Alex Bangura. Patrick Joosten waard fan FC Groningen hierd. Hy is linksbûten en it liket derop dat hy tsjin Sparta yn de basis begjint. "Je haalt een speler die direct moet kunnen spelen. Dus dat zou zomaar kunnen", sa sei Bosschaart.

Bosschaart sjocht fierder dat de sfear yn de seleksje optimaal is. "Het is altijd fijn als je de eerste seizoenshelft fantastisch afsluit. En dat hebben wij gedaan."

Mysterieus Sparta

Oer Sparta is net safolle bekend. De Rotterdammers hawwe in minne earste seizoenshelte spile en steane op it 16e plak. Der binne wol twa nije spilers kommen op Het Kasteel. Ald-Hearrenfeanspiler Younes Namli is hierd en Adrián Dalmau wurdt oernaam fan FC Utrecht.

Cambuurtrainer Bosschaart wit fierder net safolle. "Sparta heeft in het geheim geoefend. ik weet niet eens tegen wie. Er is niet zoveel bekend. Dus dat is voor ons wat gissen. We bereiden ons voor op meerdere systemen."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Sparta
(Advertinsje)
(Advertinsje)