Boukûpen trochbrutsen: fiskmigraasjerivier Ofslútdyk stap tichterby

14 jan 2022 - 16:19

De oanlis fan de fiskmigraasjerivier by Koarnwertersân hat in bysûnder punt berikt. Yn it gat yn de Ofslútdyk is in trochbraak makke tusken de boukûp oan de kant fan de Iselmar en dy oan de kant fan de Waadsee.

Foto: Jan Wessels

Dat betsjut dat de bouwers no út ien boukûp wei fierder wurkje kinne oan de trochgong foar de fiskmigraasjerivier by Koarnwertersân. Dêrnei wurdt in slingerjende rivier fan fjouwer kilometer oanlein yn de Iselmar, in oergongsgebiet tusken swiet en sâlt wetter.

Sa moat it der aanst út sjen - Foto: De nieuwe Afsluitdijk

Fisk kin dan fan de Waadsee nei de Iselmar komme en oarsom. De fiskmigraasjerivier is bedoeld foar trekfisken dy't ferlet hawwe fan swiet en sâlt wetter om har fuort te plantsjen en grut te groeien. Dat is no in probleem, fanwege de oanlis fan diken en dammen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)