Mear as tûzen nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 1.015 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Dat binne 300 mear as tongersdei, doe waarden 715 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 803 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 886 besmettingen, in wike lyn op 669.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Tytsjerksteradiel.
Der binne twa Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Waadhoeke.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 35.521. Dat is it heechste deisifer sûnt it begjin fan de pandemy yn Nederlân. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 31.206.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.