HEA! Kuierje yn de Griene Stjer

14 jan 2022 - 14:05

Undernimmer Douwe Luurs makket alle wiken twa of trije kear in lekkere kuiere troch it Griene Stjergebiet yn Ljouwert. Gewoanwei faak jûns, mar de lêste tiid oerdeis, om't syn winkel troch de lockdown ticht moast.

HEA! Kuierje yn de Griene Stjer

It foldocht him goed, hielendal om't er eins wat oerwurke wie. Luurs hat goeie oantinkens oan it gebiet, want syn âlden stiene der altyd op de camping en hy ken it gebiet dêrtroch goed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)