Nijjiersrevâns: Doezumers yn 'e sel nei stellen Kameleonboat Terherne

14 jan 2022 - 12:09

De minsken fan it Kameleondoarp yn Terherne stiene in tal wiken lyn nuver te sjen: de offisjele boat fan Hielke en Sietse wie fuort. It gie om in Grinslanner âldjiersstunt. Yn Terherne lieten sy it der net by sitte: der is revâns naam.

De Doezumers brochten de boat werom - Foto: Kameleondorp Terherne

It gie om de iennige, echte Kameleonboat, dy't ek foar de films fan Steven de Jong brûkt is. De boat stie op in trailer, mar wie ynienen ferdwûn.

"Soks is al wol in kear earder bard," fertelt direkteur Nop de Graaf fan it Kameleondoarp. Dat wie yn 2017. "Dus wy tochten wol: wy wachtsje efkes oant it nije jier. Mar je meitsje je wol soargen, want it is de boat fan de films. Dy binne hiel bekend."

Soargen om de Kameleonboat

Boppedat hat it Kameleondoarp allerhanne plannen mei de boat. "Dy fart eins net mear sa goed, hy is al aardich op leeftiid. Dêrom wolle wy de boat eins by ús foar de yngong fan de Kameleonbuorkerij. Dêr kin er in prachtich plak krije", seit De Graaf.

Op in gegeven momint krige Terherne in telefoantsje fan de Doezumer Oudjaars Ploeg (DOP). "Sy fertelden dat sy de boat liend hiene. 'Eerlijkheid duurt het langst,' sille wy mar sizze."

Omtinken foar in stikkene brêge

De boat wie troch de âldjiersploech meinommen as âldjiersstunt. De ploech brûkte de boat om omtinken te freegjen foar de stikkene Peebosserbrug.

"Dy brêge by Doezum docht it net mear, om't de gemeente it kontragewicht der wei helle hat. Der moat baggere wurde, dat kostet in soad jild. Yn Doezum woene sy dêr omtinken foar freegje", leit De Graaf út. Omwenners fan de Doezumertocht hawwe diskusje oer de lokaasje fan in baggerdepot.

Terherne betocht in tsjinaksje mei sopblikken - Foto: Kameleondorp Terherne

De Doezumers brochten de Kameleonboat woansdei werom. Mar yn Terherne hiene sy in tsjinaksje betocht. De âldjiersploech waard oanholden troch fjildwachter Zwart, ien fan de personaazjes yn de boeken fan De Kameleon. Hy hat de Doezumers yn de sel set.

Tsjinaksje mei sopblikken

'Heit Klinkhamer' hie wol in idee om it probleem mei de brêge op te lossen. "Yn it Westerkwartier wenje sa'n 64.000 minsken. Klinkhamer sei: as dy no allegearre in sopblik ynleverje by de gemeente, dan hawwe sy sa wer in kontragewicht."

Direkteur Nop de Graaf fan Kameleondoarp Terherne

Direkteur De Graaf hopet dat de boat foarearst wer yn Terherne bliuwt. "Ik tink dat wy fjildwachter Zwart mar doping jaan moatte om der better op de letten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)