De toan fan Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: "Kleure dagen"

14 jan 2022 - 10:49

"Somtiden hast even gjin ynspiraasje. Begjin jannewaris is foar in soad minsken nea de meast ynspirearjende tiid. De feestlike dagen lizze net mear yn it foarútsjoch, mar efter ús.

De lege sjampanjeflessen wurde yn de glêsbak smiten, de slingers wer nei souder brocht en de ljochtsjes geane wer út. It waar is griis. Nei in perioade dêr'tst hieltyd langer yn útsliepe koest, moatst wer betiid fan bêd. It opstarten op it wurk begjint.

Dêr't je earder al gau wer yn it wurkritme sieten en je kollega's om je hinne hiene om mei-inoar in frisse start fan it jier te meitsjen, inoar oan te wekkerjen en mei-inoar nije plannen te meitsjen, betsjut opstarten foar myn kollega's en my dit jier neat oars as it iepenklappen fan je laptop, yn datselde hûs dêr 't krekt de krystbeam opromme is. Fyn dan mar ris ynspiraasje! Of op syn minst in bytsje motivaasje.

It slimste moat dan noch komme, of net? Kommende moandei stiet bekend as Blue Monday. De tredde moandei yn jannewaris, sa berekkene en ferkundige in psycholooch jierren werom, soe nammentlik de meast deprimearjende dei fan it jier wêze. Soe, want wittenskippers binne it der al lang en breed oer iens dat je dit hielendal net berekkenje kinne en dat it tige persoansbûn is hokker 'kleur' in dei hat. Sjoch, wittenskip hat dúdlik wol nut.

In algemiene meast slimme dei bestiet dus net. Likegoed is Blue Monday sa goed yn de merk set, dat it in self-fulfilling prophecy wurden is. Hiest noch gjin lêst fan te min ynspiraasje sa middenyn jannewaris, dan hiest dat no wol. Dat wy ús moed troch marketing fêststelle litte is is pas in deprimearjende gedachte.

Yn 2020 bestege de KNAW al omtinken oan it feit dat Blue Monday eins net bestiet. Dit wie ûnder mear nei oanlieding fan in oprop fan in Grinzer heechlearaar, prof. Albers, om net mear oan it fenomeen mei te dwaan. Want oan wat net bestiet kinst net dwaan en hoechst net te dwaan.

Mei de seine fan de wittenskip meie we it oer in positive boech smite, dat jout dochs yn bytsje ynspiraasje!

Ynspiraasje, dat hawwe wy yn de akademia konstant nedich en gelokkich is der ek in soad fan te finen. Dêrom bin ik bliid dat guon fan myn kollega's gehoar jûn hawwe oan myn fraach oan harren, om harren hichtepunt fan ferline jier en harren goede foarnimmen foar takom jier mei my te dielen.

Fan tankberens foar fine nije kollega's dêr't men graach mear mei gearwurkje wol, it opsetten fan nije ûndersyksprojekten yn gearwurking mei oaren, it mear mei kollega's op kantoar wurkjen as it wer kin ta it learen fan in nije taal oft it no Frysk as twadde taal is of in oare taal as tredde taal. Fan soks krij ik wer ynspiraasje en motivaasje.

En dochs, ek al bestiet de blauwe dei net en kinne we de fokus dy't rjochtsje op de ljochtpunten, we meie ek erkenne dat dizze wiken dit jier bêst lestich binne.

Wat sjoch ik út nei in âlderwetske, gewoane grize tredde moandei fan jannewaris dat ik elkenien suchtsjen hear by de kofjeautomaat."

(Advertinsje)
(Advertinsje)