Kultuersektor teloarsteld: "Cultuur lijkt hier altijd het ondergeschoven kindje"

14 jan 2022 - 09:53

It heger ûnderwiis, it mbû, de detailhannel, kontaktberoppen en sport: it liket derop dat dy fan moarn ôf allegear wer diels iepen meie. Foar de kultuersektor is it ferhaal oars: dy bliuwt ticht.

De poadiums bliuwe foarearst leech - Foto: Shutterstock.com (Kozlik)

Dat is alteast wat boarnen yn Den Haag sizze tsjin lanlike media. Dochs hat Mirjam Pragt fan de Museumfederatie Fryslân de hoop noch net opjûn. "Ik hoop dat ze zich nog bedenken", seit se. "We zijn er zo goed op ingericht om met bijvoorbeeld reserveringen te werken. We kunnen precies voldoen aan wat er verlangd wordt."

It tichtbliuwen fan de kultuersektor is net allinnich min nijs foar museums, mar ek foar poadiumkeunsten. "We hadden er al een beetje rekening mee gehouden", seit Wiebren Buma fan Cultuur Kwartier Sneek.

Twa wiken nedich

En omdat se der al net op rekkenen, soenen se der ek noch net samar klear foar wêze. "De artiesten zijn er nog niet klaar voor, het publiek heeft de afgelopen maanden eigenlijk geen kaartjes gekocht. We hebben een week of twee nodig om weer 'up and running' te zijn."

As it oan Buma leit, soe de kultuer wol iepen moatte. "Sportbeoefening kan open, waarom cultuurbeoefening dan niet? Want het is niet alleen belangrijk om het lichaam gezond te houden, maar ook de geest."

Direkteur Wiebren Buma fan Cultuur Kwartier Sneek, ek bestjoerslid fan de Vereniging van Schouwburg- en Concertgebouwdirecties - Foto: Omrop Fryslân

Hy hat sels noch in lyts sprankje hoop. "Donderdag zijn er indringende gesprekken gevoerd met Gunay Uslu, de nieuwe staatssecretaris. Die worden vandaag voortgezet. Ik heb nog steeds de hoop dat cultuurbeoefening wordt toegevoegd aan de lijst van versoepelingen."

Als het in de Bijenkorf kan, kan het ook in de musea.

Mirjam Pragt (Museumfederatie Fryslân)

Neffens Pragt kin it ek prima. "Als het in de Bijenkorf kan, kan het ook in de musea." Mar as se realistysk is, jout se ek ta dat it der net goed útsjocht. "En dat terwijl in het verleden is aangetoond dat musea geen brandhaarden van besmettingen zijn."

Guon winkels en sportskoallen drigen dizze wike om de saak te iepenjen, ek as it kabinet beslute soe dat se tichtbliuwe moasten. Pragt hat gjin museums heard dy't itselde fan doel binne. "Het lijkt me ook niet verstandig. Laten we het gewoon netjes regelen."

Ferwûnderje, ferrasse, ynspirearje

Neffens Buma moat it net te lang mear duorje. De sektor is wol fleksibel, mar hat it beslist net maklik. "Het gaat er niet zozeer om of wij, de instellingen, het volhouden, maar vooral om alle kinderen, jongeren en volwassenen die graag aan cultuurbeoefening doen."

Minsken misse de kultuer, fernimt er. "Iedereen snakt ernaar om elkaar weer te ontmoeten, zich te verwonderen, laten verrassen en inspireren. In Nederland lijkt cultuur altijd het ondergeschoven kindje te zijn, maar het is net zo belangrijk als zuurstof om te blijven leven."

(Advertinsje)
(Advertinsje)