UNIS Flyers krijt gelyk yn saak-Pitkänen: seis punten werom

14 jan 2022 - 07:30

De tuchtkommisje fan de BeNe-league hat iishockeyklup UNIS Flyers yn it gelyk steld yn de saak oer it opstellen fan in 'illegal player'. De Feansters krije dêrom seis punten werom.

Riku Pitkânen - Foto: Dijks Fotografie

De saak gie oer it opstellen fan de Fin Riku Pitkänen. Neffens de BeNe-league hie Pitkänen net spylje mochten, neffens Flyers wol.

It mieningsferskil hat te krijen mei de saneamde 'studinte-ymport'. Bûtenlânske hockeyers dy't yn Nederlân studearje, meie hjir foar iishockeyklups útkomme. De BeNeLeague sjocht Pitkänen lykwols net as in studint, om't er mei in staazje syn stúdzje ôfrûnet.

Flyers sei dat de klup fan it nasjonale bûn te hearren krige hat dat Pitkänen oan alle betingsten foldocht en dus foar de klup spylje mocht. Dat seit de tuchtkommisje no ek.

Seis punten werom

It betsjut dat de twa wedstriden wêryn't Pitkänen meidien hie en dy't Flyers wûn (2-1 tsjin Den Haag en 7-3 tsjin Geleen) net mear as reglemintêre ferliespartijen fan 0-5 jilde.

Troch de útspraak krije de Flyers der dus seis punten by. De klup klimt dêrmei ek nei it fjirde plak yn de BeNe-league.

Dit wykein twa kear tsjin Geleen

Pikant detail is dat Flyers dit wykein twa kear tsjin Geleen spilet. Saterdei is dat yn de heale finale fan de beker, snein foar de kompetysje.

Nije stân BeNe-league

Wedstriden Punten
1. Luik 17 40
2. Den Haag 15 36
3. Herentals 18 38
4. UNIS Flyers 18 29
5. Geleen 16 21
6. Mechelen 15 20
7. Zoetermeer 16 7
8. Leuven 17 7
(Advertinsje)
(Advertinsje)