Coronanijs 14 jannewaris: Underwiis, sport en winkels wer iepen

14 jan 2022 - 22:46

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Dit binne de nije maatregels dy't freed op de parsekonferinsje oankundige binne;
  • Der binne freed 1.015 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân;
  • Lanlik giet it om 35.521 nije coronabesmettingen, in nij deirekôr;
  • De omikronfariant gong wierskynlik al langer rûn yn Fryslân, mar is no offisjeel fêststeld yn testmeunsters.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:45
Oant safier

We slute dit liveblog ôf. Moarn binne we der wer!

22:30
Buma bliid mei ferrommings

Foarsitter Sybrand Buma fan de Veiligheidsregio en boargemaster fan Ljouwert is bliid mei de freed oankundige ferrommingen. "Ik fyn it wichtich dat der ferrommingen binne, mar ik sjoch ek dat der in pear sektoaren binne dy't net iepen sille. Dat fyn ik dreech foar dy sektoaren. We moatte der alles oan dwaan om it mooglik te meitsjen dat dy sektoaren oer tsien dagen ek iepen kinne."

De hoareka moat bygelyks noch tichtbliuwe. Dochs ha guon hoarekasaken oankundige iepen te gean: "Wy hâlde it yn de gaten. Ik hoop dat ûndernimmers begripe dat it net tûk is om iepen te gean", seit Buma dêroer.

Foarsitter Buma fan de Veiligheidsregio oer de parsekonferinsje

Foto: Omrop Fryslân
22:02
Hoarekasaken Waadhoeke sille iepen

Guon hoarekasaken yn de gemeente Waadhoeke sille sneon harren doarren iepenje. Se fine dat der ferrommingen komme moatte foar de hoareka. De gemeente Waadhoeke hat oankundige wol te hanthavenjen.

"De hoareka moat fansels tichtbliuwe", seit boargemaster Marga Waanders tsjin Radio Eenhoorn. Saken dy't wol iepenje, kinne hanthavening ferwachtsje: "Minsken ha it idee dat we daliks mei boetes begjinne. Hanthavenje kin ek begjinne mei in petear of in warskôging."

20:33
GGD's fernuvere troch nije karantêneregels

De GGD's hienen net ferwachte dat de karantêneregels feroarje soenen. Se hawwe no mear tiid nedich om de nije regels te ymplemintearjen: "De 25 regionale GGD'en zullen de huidige quarantaineadviezen zo spoedig mogelijk aanpassen aan het nieuwe beleid. De vroegst haalbare en afgestemde invoerdatum is 21 januari", seit de organisaasje.

"Ervaring leert namelijk dat ook eenvoudig ogende beleidswijzigingen vele uitzonderingen kennen en met zich meebrengen. Dit leidt vaak tot de nodige complexiteiten in de uitvoering. Complexiteiten die op voorhand niet altijd zijn te voorzien", meldt de GGD.

19:50
Fuotbalklups driigje stadions te iepenjen

Klups út de earedivyzje en Keuken Kampioen Divyzje sizze dat se net langer sûnder publyk spylje kinne. Yn in statement easkje se dat der fan 28 jannewaris ôf wer taskôgers yn it stadion meie. As dat net it gefal is, sille se it stadion iepenje as in soarte fan demonstraasje.

19:49
De maatregels en ferrommings op in rychje
19:10
Langetermynperspektyf nedich

"We moeten leren leven met het virus. En dus hebben we een langetermijnperspectief nodig. Het is een gezamenlijk probleem dat we gezamenlijk moeten oplossen", seit Kuipers ta beslút.

19:09
Medyske mûlkapkes

Minister Kuipers advisearret it brûken fan medyske mûlkapkes. Neffens him moatte dy op folle mear plakken droegen wurde.

19:08
'Alles ticht is ek net goed'

Wichtige foarsjenningen steane ûnder druk, mar dochs wurdt de stap set om guon sektoren wer te iepenjen. "Omdat het nodig is om te blijven bewegen. Omdat jongeren elkaar moeten ontmoeten, zij hebben het op dit moment heel zwaar. Alles dicht houden beschadigt onze gezondheid ook", seit minister Kuipers.

19:06
Nije faze

"Na twee jaar zijn we in een nieuwe fase van de pandemie beland", seit minister Kuipers. "Het virus gaat niet meer weg." Dochs is it tal besmettingen flink omheech gien troch de omikronfariant. It betsjut dat in soad minsken thús sitte. "Dat kan de maatschappij ontwrichten." Wol wurde der minder minsken siik, mar as it tal besmettingen sa heech is, bliuwe der dochs in soad minsken dy't ferlet hawwe fan soarch.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)