Alpineskyer Carsten Nienhuis (18) hat tsjinslach op wei nei Olympyske Spelen

Al as lyts jonkje wie Carsten Nienhuis (18) gek fan skyen. Syn dream: meidwaan oan de Olympyske Spelen fan 2026 yn Cortina d'Ampezzo. Mar dan moat er earst refalidearje.
RTV NOF seach by de refalidaasje fan de Dokkumer skyer:
De Dokkumer wenne in grut part fan syn libben yn Eastenryk en dêr kaam er yn oanrekking mei de sport. Hy kaam derachter dat er talint hie en yntusken is Nienhuis profesjoneel skyer.

Falpartij

Dit seizoen begûn ek goed, oant dêr hommels in ein oan kaam: by in falpartij skuorde Nienhuis de krúsbân en meniskus fan de linkerknibbel.
En dus sit er no yn in lang refalidaasjetrajekt. "Ik heb elke dag fysio en we bekijken hoe de knie aanvoelt, maar tot nu toe gaat het goed", fertelt er.
Carsten Nienhuis © twitter.com/nienhuiscarsten
Mei fysioterapeut Stefan Bodde wurket Nienhuis net allinnich oan it opknappen fan 'e knibbel, mar ek oan syn folsleine kondysje. It lichem is wend oan yntinsive sport en it is wichtich om dat te ûnderhâlden.
Deze blessure is een tegenslag, maar ik heb er alle vertrouwen in dat het goed gaat komen.
Carsten Nienhuis
"Mijn hele leven draaide om de sport en dat is nu wel anders. De val was echt een klap. In letterlijke zin, maar zeker ook mentaal. Toen ik thuis kwam en niks deed, ging ik over dingen nadenken. Je moet niet te negatief worden, want dat helpt niet. Het is het risico van de sport."
Carsten Nienhuis © Martin de Jong Fotografie
Dochs leaut er noch hieltyd yn syn kânsen om him te pleatsen foar de Spelen. "Mijn doel was de Olympische spelen in 2026. Dat is nog steeds het doel en ik denk ook het me gaat lukken. Deze blessure is een tegenslag, maar ik heb er alle vertrouwen in dat het goed gaat komen."