Trijehûndert coronademonstranten by fakkeloptocht op It Hearrenfean

In lytse trijehûndert minsken hawwe tongersdeitejûn op It Hearrenfean demonstrearre tsjin de coronamaatregels en it coronatagongsbewiis. Sy fine dat net-faksinearren diskriminearre wurde.
Bylden fan de fakkeltocht:
De demonstraasje wie organisearre troch in groep 'Ferûntrêste Feansters'. Sy woene mei de fakkeltocht 'ferbining' befoarderje yn dizze drege tiid. It giet dan ûnder oare om ferbining tusken faksinearre en net-faksinearre minsken. Benammen dy lêste groep kin neffens ferûntrêste Feanster Jan Broos wol wat stipe brûke.

Slogans

De demonstranten rûnen mei fakkels in tocht fan ûngefear in oere troch in leech sintrum fan It Hearrenfean. De rûte gie ûnder oare lâns Crackstate, sikehûs Tjongerschans en oer de Dragt.
Dêrby waarden ferskate slogans op spandoeken meidroegen troch de oanwêzigen lykas 'Kinderen zijn onze toekomst. Niet onze proefkonijnen!' en 'Hoe veel p(r)ik jij nog?'. Ek de slogan 'Geen dictatuur' wie geregeld te hearren.

Begryp

Broos hat wol begrip foar dy slogan. "As je sjogge nei de beheiningen dy't net-faksinearre minsken oplein wurde, dan krije wy wol it gefoel dat je yn in diktatuer wenje. Der binne in hoop krityske tsjinlûden, mar dy krije yn de media fierstente min omtinken."
Ferûntrêste Feanster Jan Broos wie goed te sprekken oer de opkomst fan in lytse 300 demonstranten. "Foar in earste kear bin ik dêr hiel tefreden mei."
De plysje hold de demonstraasje fan in ôfstantsje yn 'e gaten, mar hoegde net yn te gripen.
Harkje nei de ferûntrêste Feanster Jan Broos