Learlingen hynsteklasse yn Snits folgje hynstekeuring yn Harich op de foet

De jierlikse hynstekeuring wurdt mei grutte belangstelling folge op in skoalle yn Snits. Learlingen fan vmbo Aeres dy't it fak 'hynder' dogge, sitte plat foar de livestream.
In agraryske oplieding wie der wol yn Snits, mar noch gjin les yn hynders:
Yn Harich begjint tongersdei de jierlikse keuring fan Fryske hynsten. Der binne allegearre beheinings fanwege de coronasituaasje, mar dochs: der binne hynsten, se wurde keurd en it is online te folgjen. Dus hynsteleafhawwers kinne it meibelibje. Op de vmbo-oplieding Aeres yn Snits sitte se der plat foar, alteast yn de spesjale hynsteklasse.
© Omrop Fryslân, Iris Witzenburg
Grutte nammen yn de hynstewrâld lykas Klaasje Lantinga, Nadia den Hollander en Hendrik Eppinga, hawwe yn harren eigen middelbereskoaltiid op deselde skoalle yn Snits sitten. Foar dosint Nienke Schrale wie dat de reden om út te sykjen oft der op de skoalle romte wie foar it fak 'hynder'. En dat wie der.
Dit skoaljier binne se úteinset mei 22 learlingen, 21 fammen en 1 jonge. Dy krije fjouwer oere yn de wike praktyk en teory oer it hynder, hynstefersoarging en hynsteride. Der binne fjouwer hynders en der is in bûtenbak op skoalle foar de praktyklessen. Fierders komt der wolris in gastdosint dy't in les jout.
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld is yn de hynsteklasse yn Snits
De skoalle hie hope dat learlingen dy't it ekstra fak hynder folgje, helpe koene by de hynstekeuring yn Harich. Fanwege corona kin dat net. Mar miskien kin it takom jier wol.
De oplieding is sa ynrjochte dat de learlingen meihelpe kinne by de keuring. "Op de hengstenkeuring heb je wiskunde nodig. Er lopen mensen rond die een andere taal spreken. Die vakken geven we hier", fertelt Nienke Schrale, dosint Dier & Welzijn. "Het zou mooi zijn als de leerlingen volgend jaar aanwezig kunnen zijn en alles wat ze hier leren, kunnen toepassen op het prachtige evenement."
Learlingen Ingmar en Brecht sjogge it wol sitten om takom jier of letter op de jierlikse keuring fan Fryske hynsten te wurkjen. Brecht hat grutte belangstelling foar 'it eksterieur' fan de hynders, dus hoe't se bewege. Se soe graach yn de sjuery wolle.