Sikehuzen gean stadichoan wer oer op gewoane soarch

13 jan 2022 - 15:53

Sikehûzen yn Noard-Nederlân begjinne stadichoan de gewoane soarch wer wat op te skalen. Dat kin omdat der hieltyd minder coronapasjinten yn de sikehuzen lizze.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De sikehuzen oerlizze wol mei-inoar oer de opskaling nei de reguliere soarch. Se sjogge goed wêr't de soarch wer opskaald wurde kin en watfoar soarch oft dat dan is.

De omikronfariant wurdt dêrby goed yn de gaten hâlden. Ek al nimt it tal besmettingen mei dizze fariant ta, oant no ta is dat noch net te fernimmen yn de sikehuzen. Dat komt omdat it foaral jongere minsken binne dy't besmet reitsje. Dy hawwe faak mylde klachten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)