Wer nije oprêdaksje plestikkerrels op Boschplaat Skylge

Op it strân fan natuergebiet de Boschplaat op Skylge is meikoarten wer in oprêdaksje fan lytse, wite plestikkerreltsjes. Dy binne nei alle gedachten ôfkomstich fan it kontenerskip de MSC Zoe.
© Joeri Lamers, Steatsboskbehear Skylge
Ofrûne desimber wie der ek al in oprêdaksje yn Cupido's polder. By de Boschplaat dêr waard in hiele bulte kerrels fûn.
De oprêdaksje is opset troch Steatsboskbehear, Rykswettersteaat Noard-Nederlân en de gemeente Skylge. De kerrels lizze op ferskate plakken yn it floedmerk. In oannimmer sil de boppeste laach ôfskraabje en it sân ôffiere.
De MSC Zoe ferlear trije jier ferlyn goed 340 konteners op de Noardsee. Noch altyd komme geregeld restanten fan de lading fan de konteners foar it ljocht. It guod spielt oan op de strannen, lykas de lytse wite kerreltsjes, of it komt yn de netten fan fiskers telâne.

Reewilligens ynsammeling ôffal nimt ôf

Mar fiskers binne der hieltyd minder happich op om rotsoai út see oan wâl te bringen. De aksjegroep fan fiskers Eendracht Maakt Kracht (EMK) meldt dat oan RTV Noord. De fiskers krije dêr net foar betelle, wylst miljeuorganisaasjes wol jild fange.
In oare belangegroep foar fiskers, Hulp in Nood, seit dat it net inkeld om jild mar ek om erkenning giet. Wurdfierder Sarah Verroen: "De vissers doen goed werk en dat verdient waardering."

Waskmasines en nullehakken

De bulten ôffal dy't yn Noard-Nederlân opfiske wurde, soene de lêste jierren bot tanaam wêze, seit Verroen. "Niet alleen plasticbekertjes, maar ook wasmachines en naaldhakken. Het is echt shockerend."
Fiskers dy't ôffal sammelje en oan wâl bringe wolle, kinne meidwaan oan Fishing for Litter. Sy krije in grutte pûde foar oan board dy't se fol op de wâl sette kinne. Dêrwei wurdt it ophelle.
Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 foelen fan doe ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, 342 konteners oerboard. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn dreaune de konteners nei de Fryske Waadeilannen.
Lês al it nijs oer dizze en oare rampen mei kontenerskippen op ús dossierside.